adverteerje op stjoerder.nl? klik hjir
tip de redaksje RSS Ynskriuwe

Trije tuten op Aaipop

Ynstjoerde kollum troch Aant Hofstra

Aaipop is foar mij net allinne muzyk, mar foaral ek taal. De Fryske taal wol te ferstean. En mei dy taal begjint it at je fan te foaren it programmaboekje keapje en de tiid nimme om it te lêzen. Allinne dat is al in lust foar it each. Mei moaie Fryske wurden.

Lês fierder...

It komt min út

Kollum fan Jan de trochsnee man

It klimaat feroaret, mar no efkes net. It is mar in nuvere situaasje mei dizze ‘allochtoane’ winter. Ik hie mysels al hast tarieden op jeepsafari’s yn ‘e hitte troch de provinsje wêr’t je yn seldsumheid noch de ‘Grutte Fiif’ sjen kinne fan it Fryske lân; de swart-bûnte ko, it fryske hynder, de iel, de ljip en de skries.

Lês fierder...

Wat in ramp

Ynstjoerde kollum troch Aant Hofstra

Dat is efkes skrikken freedtemoarn. De sirenes geane ôf. Yn hiel Fryslân. En it is net de earste fan de moanne ek net freed de tretjende. En foardat ien him ek mar ôffreget wat der is, geane alle remmen los.

Lês fierder...

Hjerstagresje

Kollum fan Jan de trochsnee man

It is wer safier.... De simmer is sljocht foarby. It is klearebare hjerst. Subtiel giet dizze wikseling net, it is oan alles en eltsenien te fernimmen. De barbecue, túnset en camper binne wer op stok en de simmerdûns makket plak foar de hjerstblues.

Lês fierder...

Fanatyk sporte docht skea oan ‘e sûnens!

Kollum fan Jan de trochsnee man

Sinleas geweld kenne we al. Ek bestiet der soks as sinleas sporte, mar net eltsenien dy dat noch yn ‘e gaten hat… Om yn ‘goede’ kondysje te blieuwen wurdt der draaft, fietst, heft, roeit, ensafuorthinne, koartom fanatyk sporten.

Lês fierder...

Lekker ite?!

Kollum fan Jan de trochsnee man

Seis oere ite, net letter, net betiider, in gewoante dat der stevich yn sit by ús folk. Foar de tiid ha we ek noch net sin oan wat, om seis oere lesse we graach in hapke. Honger ha we net, wurdt der sein. 

Lês fierder...

Oche noWa’t it net oanhjeare wol giet mar nei hús!

Kollum fan Jan de trochsnee man

Hollânske hits, smartlappen, shanty’s, libbenslieten en jankvodden. It binne wurden dy’t us allegjeare bekend yn ‘e earen klinke. Alline dizze wurden al, roppe ferskate reaksjes op by de minsken.

Lês fierder...

De bel

Kollum fan Jan de trochsnee man

In út koper makke apparaat mei de saneamde bongel, wêroan in moai stevich oanienflochten dik eintsje tou befêstige is omt de bongel dermei tsjin de holle binnenkant fan de bel te gieseljen, wêrtroch it algemien bekende lúd fan dé bel te hjearen is.

Lês fierder...