adverteerje op stjoerder.nl? klik hjir
tip de redaksje RSS Ynskriuwe

Liftwedstriid 2009 (Ferslach Sjoerd en Teade)

Wommels, Woansdei 23 Desimber 2009, 15:48 oere
Einbestimming: Tulln (Eastenryk)

Nijjiersmoarn, slieplúzen noch yn’e eagen, alkoholwalm noch út de snút wei. Op paad nei Tulln, in plakje flakby Wenen. In winsk fan Sjoerd dy út kwam, de bergen yn! Nei it traditionele bakje en hjir en dêr in dikke tut, gongen we op in paad.

Doe’t we rjochting kruspunt rûnen, stoppe der yn Wommels al in auto foar us, dat dit gjin ôfpraat wurk wie, blykt wol ut it feit dat we, om fjirder te kommen, de auto earst oantriuwe moastten. Doe’t dat slagge, koenen we noflik sitte oan’t foarby Hearrefean, sa koe Sjoerd ek noch even nei Abe sjen om de nediche moed te garjen.

Tiid foar in bakje! Wylst we mei dit swarte goud yn de hân de omjouwing oan it ferkennen wienen, seachen we oan de oare kant fan it parkearplak in PC Hoofttrekker stean, de sjoffeur stie syn behoefte te dwaan, dat hy koe net samar fuort ride. Der op ôf! Dat dit in goede set wie, blykt ut it feit dat de man us wol meinimme woe en ek nochris oant Zevenaar ta (efter Arnhem, oan de grins mei Dutslân)! Dizze gepensioneerde direkteur fan ferskate bedriuwen hie syn skiep aardich op it droege en wie yn syn deistich libben yn meardere kommisariaten wurksum. It kaam der op del dat er noch like folle as mear dwaande wie mei syn wurk. Wylst hy us hjir fanalles en noch wat oer fertelde, hie er de foet goed op it gaspedaal en sa kaam it dat we om likernoch 15.00 al op de grensoergong rjochting ‘Die Heimat’ stienen.

Dat like net sa min, it mistte us net dat we hast wol foarop ride moasten, wy kinne ús pappenheimers. In steltsje mei de lange latten op it dak, seach ús wol sitten, wy har ek wol. Spytich dat se net nei Eastenryk op wintersport gongen, mar by Winterberg ôfheaken. Moaie praatsjes, se ferklearren ús oars wol foar gek dat we oan sa’n reis mei dienen. Lit se mar rabje, tochten wy.
It gong dus aardich foar de wyn, der wienen ek wol oare ferhalen. Der stoppe in NL-auto, mei twa mannen út Rotterdam. De bestjoerder prate as hie der skuorpapier yn’e hals sitten, it die bliken dat syn nacht wol dreech west wie. Syn eagen liken faker ticht te sitten, dan dat der op de dyk lette. Syn ferhaal wie net sa moai, hy soe lekker frij ha mar dat rûn oars. Syn kollega hie ‘s nachts fan tichtby besjoen hoe in striker ûntplofte, it riseltaat liket my dúdlik. Hy koe dus net wurkje, derom moasten dizze twa mannen mei in ûntigelike kater op paad nei in Tanker earne yn Dútslân. Teade synfoarstel om sels mar efter it stjoer te stappen waar’t mei iepen earmen oannommen. Sa hienen we op dat stuit de reis letterlik yn eigen hannen. Yn ús tinzen wienen we al lang en breed yn Tulln.

Tsja, dan komt der op iens de man mei de hammer, we stienen by in stasjon foar Frankfurt. Mei noch twa steltsjes... minder leuk, it sjitte net op. Nei in skoft iisbearjen ha we in lytse lift oannommen nei in plak oan de oare kant fan Frankfurt, wer op de goeie wei neffens de sjoffeur. Op de kaart wie dat ek sa, mar nei dat we der twa minúten stienen, die de man it ljocht út. De tank wie slúten, nada, njente GESCHLOSSEN... Ja, der stean je dan, op de hoop dat de Dútser noch steeds in skuldgefoel he tsjinoer de NL-ers. No nee, nein yn kein gefal. Op net te besrkiuwen wiize ha we it folgjende tankplak berikt, dit like stikken better. De eigener wie tige entosiast, hy woe alle minsken wol freegje. Sju, der hâlde wy wol fan, lekker passyf yn it berne boartersplakje ús del jaan, wylst in oar it wurk docht. Mar dat die er net sa goed, in pear oeren letter, moarns in oer as fiif wienen we wer wekker. Bliid dat it boartersplakje flierferwarming hie.

De euforyske stimming wie der yniens wer, we kamen mei in man oan de praat en dy like tige gaadlik. En... hy moest nei Wenen ta, dit wie te moai foar wurden. En dat wie it ek... Der like nimmen yn de auto te sitten, wylst der fjouwer (...)bern yn de auto leinen te sliepen. Dit wie de foarboade fan in drege dei, sis dat mar gerust.

In skoftke letter kaam der in wyte ‘Amerikaan’ oanriden, de waarmte kaam us yn de mjitte doe’t der in man en syn ‘bedwelmde’ frou utstapten. Bliid dat we no ris us kunde fan de Ingelske taal sjen litte koenen stapten wy der op ôf. Nei’t se us ferhaal oanheart hienen stienen se net echt te springen fan bliidens, mar se wiisden us ek net fuort ôf. Lang om let mochten we mei en stapten we foar langer dan us goed wie yn harren wrâld. Dizze bestie ut in dampende auto mei ferskrikkelike muzyk en in kachel dy’t maksimaal stie te baarnen. Dat die de motor fan de auto ek en dêr is op sich neat mis mei, as er dan mar de goede kant ut giet......Wat wie no it gefal? De man dy’t as militair yn Dutslân wurksum wie, koe net sûnder syn navigaasje, mar dizze wie er ferjitten en dus ferpleatsten we us san 150 km nei it noarden yn stee fan it suden.....Wat ha we hjir fan leart? Fertrou noait in Amerikaanske Dutser / in Dutske Amerikaan, Whatever. Anyway, nei ferrin fan tiid waard de twifel toch utsprutsen en fregen wy us lûdop ôf as we de goed kant wol ut gongen. ‘Well guys let’s have a look.....oh no!

It wie by Nurnburg dat we einliks ôfskied nimme koenen fan dit prachtige, libbenswille utstrieljende stel. No kaam it der op oan, in protte tiid ferlern en dizze moast ynhelle wurde. Mei nije moed gongen we op syk nei DE lift. Dit foel net mei, want doe’t we 4 oeren letter op it horloazje seachen, wienen we net in milimeter opsjitten. En doe kaam der samar in frachtwein mei Nederlânsk kenteken oanroljen, der op ôf! Teade hie de bêste man samar te pakken en soe yn syn bêste ABN in petear mei him oan gean. Dit wurke net, want it wie in Gryk dy’t foar in bedriuw ut Nederlân wurke en dus moasten we wer oergean yn it Ingelsk. Nei in koarte ûnderhanneling koenen we mei en setten we rjochting Munchen en Salzburg. Dit wie al in eintsje om, mar dat like us better as stean bliuwe, want ‘stilstand is achteruit gang’.

Nei fjouwer oeren 80 km per oere, liken we wer op paad. We doarden yntusken net mear te fernimmen at de earsten al oan wienen. Wat stie der in folk by dit stasjon, allegeare healwizen op paad nei de snie. It wie krek as doart nimmen yn de drokte syn ferantwurlikens te nimmen. Se tinke allegeare dat oaren dat wol foar harren dogge. We hiene derneist ek wat fersjoen op de ideale route, de minsken gongen foar 99% op nei Insbruck en lit dat no krek it paad wêze wêr at wy net hinne moasten. De man dy’t ús wol wer in stik meinimme woe, wie as geniaal as júst mar trije kwarter. Wy goaiden al ús sjarmes yn de striid, dat binne der noch al wat, wat hy moest ús eins foarby de ôfslach Insbruck bringe, sa dat we wer op wei wienen nei Salzburg. Dat gong net samar, hy fûn it sawiesa mar brutaal dat wy him doarden te freechjen at der om ride woe, wy hiene al lang gjin prinsipes mear in dit stadia fan de reis...

Mar klear, hy woe wat werom, wy woene ús ear hâlde. Sjoerd syn sjaal like him wol wat, mei ek wol, sa’n SDS ding is mar in fodsje yn myn eagen. Lokkich foar Sjoerd wie der noch mear ta syn geunst, we ha tegeare út folle boarst it Frysk folksliet oan it sjongen west. Hy riedt foarby de ôfslach, wy bliid, hy ûnder de yndruk fan ús sjongen, Sjoerd mocht syn sjaal hâlde. Al rap hienen we in rit rjochting Salzburg, de loft waart al tsjuster, ús tinzen ek. Twa froulju(op leeftiid) minsken makken plak yn harren auto, se koene ús by in tankstasjon foar Salzburg bringe. It wie yntusken tsjin fiif oere, it waar min en ús sin ek. Tulln wie noch in ein fuort yn dizze lêtste oerkes fan de dei. It die bliken dat eltsenien der hast ek al wie, derom nammen wy de wiize beslissing om de trein te nimmen. It giet fansels ek om de wille, dat hienen we lokkich wol...

Wêr it foarol om gong, wie dat we wer toarst krigen, wat in genot om yn de trein dat iene lûd te heare. Puh-tsssss, in blikje bier dat iepen giet, wat in genot! De reis nei Wenen wie in pear oerkes, it smakke best, de lêtste halte nei Tulln wie te dwan. Op nei de minsken dy wol foar de liften betelje, de pizza smakke best! Ek it tapke der by, wie in gouden rantsje. De oandacht dizze jûn gong foarol út nei de winners dy it snelst te plak wienen. Wy hienen oars de measte kilometers makke, mar der sjogge se net nei, in bytsje jammer...

It lift-aventoer fan Sjoerd van Beem en Teade de Boer 2009



In bydrage fan:
Jaring Rispens


Liftwedstriid Jimbar Wommels

Fideoferslach: Liftwedstriid fan Wommels nei Stirling
Sneon 23 Jannewaris 2010  | Wommels- It hat efkes duorre mar it fideoferslach fan de liftwedstriid, stiet no op dizze side. Ein desimber dienen tsien teams fan twa
Lês fierder ...
Groetnis ut Skotlan
Tongersdei 31 Desimber 2009  | Stirling- Trochdat wy in slechte ynternet ferbinning ha, laptop net oan it stroom kin, en in dakje ^ net op de U wol, kinne wy net fideo's en artikels
Lês fierder ...
Liftwedstriid fan Wommels nei Skotlân is los!
Tiisdei 29 Desimber 2009  | Wommels- Fan ‘e moarn om njoggen oere binne de Wommelser lifters begûn oan de njoggende liftwedstriid nei Stirling yn Skotlân. De einbestimmin
Lês fierder ...
POLL: Hokker team wint de njoggende liftwedstriid?
Moandei 28 Desimber 2009  | Wommels- Moarn om 8.30 oere giet de njoggende liftwedstriid fanút de Jimbar los. Dizze kear lifte de tsien koppels nei Stirling yn Skotlân. Hokker tea
Lês fierder ...
Liftwedstriid 2009 (Ferslach Sjoerd en Teade)
Woansdei 23 Desimber 2009  | Einbestimming: Tulln (Eastenryk)

Nijjiersmoarn, slieplúzen noch yn’e eagen, alkoholwalm noch út de snút wei. Op paad nei Tulln
Lês fierder ...

De kollum fan Jan de trochsnee man

It komt min út
Sneon 13 Febrewaris 2010  | Kollum fan Jan de trochsnee man

It klimaat feroaret, mar no efkes net. It is mar in nuvere situaasje mei dizze ‘allochtoane’ w
Lês fierder ...
Hjerstagresje
Sneon 24 Oktober 2009  | Kollum fan Jan de trochsnee man

It is wer safier.... De simmer is sljocht foarby. It is klearebare hjerst. Subtiel giet dizze
Lês fierder ...
Fanatyk sporte docht skea oan ‘e sûnens!
Tongersdei 24 Septimber 2009  | Kollum fan Jan de trochsnee man

Sinleas geweld kenne we al. Ek bestiet der soks as sinleas sporte, mar net eltsenien dy dat no
Lês fierder ...
Lekker ite?!
Tongersdei 24 Septimber 2009  | Kollum fan Jan de trochsnee man

Seis oere ite, net letter, net betiider, in gewoante dat der stevich yn sit by ús folk. Foar d
Lês fierder ...
Oche noWa’t it net oanhjeare wol giet mar nei hús!
Woansdei 23 Septimber 2009  | Kollum fan Jan de trochsnee man

Hollânske hits, smartlappen, shanty’s, libbenslieten en jankvodden. It binne wurden dy’t us al
Lês fierder ...

Ynstjoerde kollum

Trije tuten op Aaipop
Sneon 10 April 2010  | Ynstjoerde kollum troch Aant Hofstra

Aaipop is foar mij net allinne muzyk, mar foaral ek taal. De Fryske taal wol te ferstean.
Lês fierder ...
Wat in ramp
Freed 06 Novimber 2009  | Ynstjoerde kollum troch Aant Hofstra

Dat is efkes skrikken freedtemoarn. De sirenes geane ôf. Yn hiel Fryslân. En it is net de
Lês fierder ...

Lieseth yn Nicaragua

Fries om utens: Lieseth yn Nicaragua
Tongersdei 25 Maart 2010  | Op dit moment loop ik stage op de eerste hulp, hier komen meestal wat ziek zwak en misselijke patiënten binnen maar met uitzondering ook wel eens wat
Lês fierder ...
Typisch Nicarauguaans
Woansdei 09 Desimber 2009  | In ferslach fan Fries om utens yn Nicaragua, Lieseth Methorst út parregea.

Ondertussen heb ik weer de nodige dingen mee gemaak
Lês fierder ...
Hier mijn eerste bericht vanuit Nicaragua
Freed 27 Novimber 2009  | In ferslach fan Fries om utens yn Nicaragua, Lieseth Methorst út parregea.

Na een vlucht met aardig wat turbulentie mag ik zo
Lês fierder ...