adverteerje op stjoerder.nl? klik hjir
tip de redaksje RSS Ynskriuwe

Wat in ramp

Wommels, Freed 06 Novimber 2009, 16:32 oere
Ynstjoerde kollum troch Aant Hofstra

Dat is efkes skrikken freedtemoarn. De sirenes geane ôf. Yn hiel Fryslân. En it is net de earste fan de moanne ek net freed de tretjende. En foardat ien him ek mar ôffreget wat der is, geane alle remmen los.


Alle helptsjinsten wurden rjochting Dronryp delegeard. Ambu’s dy’t ûnderweis binne mei oare pasjinten wurde leechhelle, brânwachten dy’t dwaande binne mei oare brannen meie de boel de boel litte en bonnen útskriuwende plysjes meie echt oan de bak. De ANWB melt in file mei in heech blau swaailjocht gehalte rjochting Dronryp.

Boargemasters fan alle gemeenten wurde op harren lintsjeknipdei nei it gemeentehûs dirigeard om neffens it protokol “grutte rampen” lieding te jaan oan elkenien dy’t mar harkje wol. Sporthallen wurde ûntromme en elkenien moat binnen bliuwe en harkje nei de radio mei it needpakket bij de hân.

Omrop Fryslân, de kranten, stjoerder.nl en alles wat filmje en skriuwe kin fljocht nei Dronryp. Foar sa fier se it rampgebiet noch berikke kinne. Bij de Omrop setten se gelyk in oantal minsken efter de mikrofoan dy’t it Nederlâns wat machtich wiene. En ferslachjouwers Hayo B en Gerrit H wurde yn oarlochpakken hesen om ferslach te dwaan op de lokaasje mei gefaar foar eigen libben.

Balkenende wurdt belle, Obama krijt in sms-ke en de loftmacht stjoert 4 F-16 fleantugen de loft yn. Want it is ûnderwilens dúdlik. Der is in slang kapot gien en der is wat saltpetersoer lekt yn en bij de sûvelfabryk. Ferfelend at je it ynademje dus mûle en noas ticht, soe it adfys wêze kinne.

Op it selde stuit wurdt ek noch in waarsintrum ynrjochte mei Piet Paulusma oan it haad dy’t assisteard wurdt troch wyndeskundigen, wolkdeskundigen en atmosfeardeskundigen. Hiene wij hjoed te meitsjen, mei in súdweste-, in flap- of en hurde wyn. Waarkompjoeterdeskundigen wurde ynhierd om it paad fan de gifwolk te folgen.

En yn de studio fan Omrop Fryslân is it in kommen en gean fan oare deskundigen: in rampedeskundige, in sâltpetersoer deskundige, in gifwolkdeskundige en in slangdeskundige.

Psychiaters, psychologen, haptonomen en gebedsgenêzers stiene klear om help te bieden.

Nei in goed oere wurdt it sein master jûn. Omrop Fryslân besiket it noch in oere te rekken mar de helpferliners taaie ôf. Ambu’s sykje de earder út de auto smiten ferwûnen wer op, brânwachten geane wer nei in heabroeike en de boargemasters slaan harren sels op de boarst want dizze ramp hawwe se mar moai tsjingas bean.

En Cambuur siket noch kontakt mei de KNVB en mei Excelsior. Kin it jûn allegear wol trochgean? Is de feilichheid fan ús spilers en ús hûnstrouwe publyk fol garandearre. “Ja”, seit de KNVB. “Geen probleem”, sizze se bij Excelsior, “zo iets gebeurd hier dagelijks op de Maasvlakte, daar worden wij niet anders van.”

En jûn en moarn dan komme de fragen. Earst komme der allegear suggestive fragen fan de Omrop: wie dit net wat oerdreaun, werom net dit, werom net dat.

En dan komme der fragen fan ien fan de fraksjes yn de Steaten: wêr wie de kommisaris? En de fragen fan Atsma of de Rouwe yn de Twadde keamer sille fêst ek wol wer hout snije.

En ik? Ik bliuw ek mei in fraach sitten. Hoe is it dochs mooglik dat troch ien ferkearde druk op de knop der sa’n grut sirkus optúgd wurdt ?

Aant


Gerelateerde artikelen
FIDEO REPORTAAZJE: Gifwolk ûntsnapt by Dronryp
GRUT ALAARM: Gifwolk ûntsnapt by Dronryp


In bydrage fan:
Jaring Rispens


Ynstjoerde kollum

Trije tuten op Aaipop
Sneon 10 April 2010  | Ynstjoerde kollum troch Aant Hofstra

Aaipop is foar mij net allinne muzyk, mar foaral ek taal. De Fryske taal wol te ferstean.
Lês fierder ...
Wat in ramp
Freed 06 Novimber 2009  | Ynstjoerde kollum troch Aant Hofstra

Dat is efkes skrikken freedtemoarn. De sirenes geane ôf. Yn hiel Fryslân. En it is net de
Lês fierder ...

De kollum fan Jan de trochsnee man

It komt min út
Sneon 13 Febrewaris 2010  | Kollum fan Jan de trochsnee man

It klimaat feroaret, mar no efkes net. It is mar in nuvere situaasje mei dizze ‘allochtoane’ w
Lês fierder ...
Hjerstagresje
Sneon 24 Oktober 2009  | Kollum fan Jan de trochsnee man

It is wer safier.... De simmer is sljocht foarby. It is klearebare hjerst. Subtiel giet dizze
Lês fierder ...
Fanatyk sporte docht skea oan ‘e sûnens!
Tongersdei 24 Septimber 2009  | Kollum fan Jan de trochsnee man

Sinleas geweld kenne we al. Ek bestiet der soks as sinleas sporte, mar net eltsenien dy dat no
Lês fierder ...
Lekker ite?!
Tongersdei 24 Septimber 2009  | Kollum fan Jan de trochsnee man

Seis oere ite, net letter, net betiider, in gewoante dat der stevich yn sit by ús folk. Foar d
Lês fierder ...
Oche noWa’t it net oanhjeare wol giet mar nei hús!
Woansdei 23 Septimber 2009  | Kollum fan Jan de trochsnee man

Hollânske hits, smartlappen, shanty’s, libbenslieten en jankvodden. It binne wurden dy’t us al
Lês fierder ...

Liftwedstriid Jimbar Wommels

Fideoferslach: Liftwedstriid fan Wommels nei Stirling
Sneon 23 Jannewaris 2010  | Wommels- It hat efkes duorre mar it fideoferslach fan de liftwedstriid, stiet no op dizze side. Ein desimber dienen tsien teams fan twa
Lês fierder ...
Groetnis ut Skotlan
Tongersdei 31 Desimber 2009  | Stirling- Trochdat wy in slechte ynternet ferbinning ha, laptop net oan it stroom kin, en in dakje ^ net op de U wol, kinne wy net fideo's en artikels
Lês fierder ...
Liftwedstriid fan Wommels nei Skotlân is los!
Tiisdei 29 Desimber 2009  | Wommels- Fan ‘e moarn om njoggen oere binne de Wommelser lifters begûn oan de njoggende liftwedstriid nei Stirling yn Skotlân. De einbestimmin
Lês fierder ...
POLL: Hokker team wint de njoggende liftwedstriid?
Moandei 28 Desimber 2009  | Wommels- Moarn om 8.30 oere giet de njoggende liftwedstriid fanút de Jimbar los. Dizze kear lifte de tsien koppels nei Stirling yn Skotlân. Hokker tea
Lês fierder ...
Liftwedstriid 2009 (Ferslach Sjoerd en Teade)
Woansdei 23 Desimber 2009  | Einbestimming: Tulln (Eastenryk)

Nijjiersmoarn, slieplúzen noch yn’e eagen, alkoholwalm noch út de snút wei. Op paad nei Tulln
Lês fierder ...

Lieseth yn Nicaragua

Fries om utens: Lieseth yn Nicaragua
Tongersdei 25 Maart 2010  | Op dit moment loop ik stage op de eerste hulp, hier komen meestal wat ziek zwak en misselijke patiënten binnen maar met uitzondering ook wel eens wat
Lês fierder ...
Typisch Nicarauguaans
Woansdei 09 Desimber 2009  | In ferslach fan Fries om utens yn Nicaragua, Lieseth Methorst út parregea.

Ondertussen heb ik weer de nodige dingen mee gemaak
Lês fierder ...
Hier mijn eerste bericht vanuit Nicaragua
Freed 27 Novimber 2009  | In ferslach fan Fries om utens yn Nicaragua, Lieseth Methorst út parregea.

Na een vlucht met aardig wat turbulentie mag ik zo
Lês fierder ...