DUTSEN.NL: mear as in fersekeringssite
Wommels, Moandei 08 Maart 2010, 15:00 oereSnits- Op 8 maart is de Frysktalige site dutsen.nl offisjeel de ynternetloft yn gien. Deputearre Jannewietske de Vries iepene de site offisjeel op it Provinsjehûs yn Ljouwert. De site kaam ta stân mei finansjele stipe fan de provinsje Fryslân.
De inisjatyfnimmers, Herman van der Bij en Johan Heerma fan Bij-Heerma Fersekeringen te Snits, wolle mei dutsen.nl net allinne in Frysktalige fergelikingssite oanbiede foar minsken dy’t har fersekeringen online regelje wolle. De site jout organisaasjes as doarpsbelangen bygelyks ek de mooglikheid om yn in ynternetaginda oan te jaan hokker aktiviteiten oft sy yn Fryslân op priemmen sette.
It Frysktalige dutsen.nl is de earste en iennichste yn syn soarte.
De inisjatyfnimmers wolle in ekstra diminsje oan it brûken fan de Fryske taal jaan; it Frysk waard oant no ta hielendal net brûkt yn fersekeringslân. Dat is eins nuver, want it brûken fan de eigen taal fielt fertroud, en fertrouwen is krekt by fersekerjen och sa wichtich. Boppedat fiele de Friezen har hieltiid mear belutsen by harren Fryske taal, miene Van der Bij en Heerma. Hja springe dêrop yn mei dutsen.nl. Dêrmei is dutsen.nl mear as in fersekeringssite.
Deputearre Jannewietske de Vries is tige optein oer dutsen.nl. “Dat dizze ûndernimmers harren folsleine website yn it Frysk oanbiede is grutte klasse. Dermei litte se sjen dat it sakendwaan yn it Frysk goed wurkje kin. It Frysk jout ek fertrouwen en stiet tichtby de minsken”.
Wat de fersekeringen sels oangiet, biedt dutsen.nl ferskate mooglikheden. Oft it no giet om auto, boat, hûs, reis of syktekosten, alle soarten fersekeringen binne op de site te finen. It bysûndere is dat de brûker net allinne fergelykje en ôfslute kin fia it ynternet; alle jierren krijt er ek wer in berekkening fan hokker fersekering oft finansjeel sjoen it foardielichst is. Sa kin de brûker fia dutsen.nl jild yn ’e bûse hâlde. Bij-Heerma Fersekeringen sil noch fierder ûnderhannelje mei de oanbelangjende maatskippijen om ek hár berekkeningspart folslein yn it Frysk te krijen.
Dutsen.nl biedt ferienings en oare net-kommersjele organisaasjes de mooglikheid om har aktiviteiten publyk te meitsjen. Dat kin om fan alles gean, lykas teater en muzyk, sport, grien, ensfh. It is de bedoeling dat de oanbieder dêrby yn koarte (Fryske) teksten oanjout wat der wêr en wannear te rêden is. Ek Fryske e-cards binne op de site te finen. Dy kin men nei oaren tastjoere. It ferstjoeren fan sokke e-cards is fergees.
Foar jong en âld binne der op dutsen.nl ek Frysktalige spultsjes te finen. Sa is der Tin iis (Frysktalich galchje), dat op fjouwer levels spile wurde kin: houtsjes (maklik); iisklup (dreech); rintsje (net te heljen); iisfrij (sa't jo wolle). It giet dan bygelyks om it finen fan Fryske doarpsnammen. Ek kin men op dutsen.nl autentyk Fryske resepten fine en sokken sels oanbiede
Besjoch hjir de webside: www.dutsen.nl
In bydrage fan:
Jaring Rispens
saaklik

|
Walrus Snits hat bêste terras fan Fryslân (fideo)
Tongersdei 15 July 2010 | Snits- It terras van De Walrus yn Snits is twadde einige yn de lânlike terras Top 100 fan ik fakblêd Misset Horeca. Restaurant Boshuys Hermitage út Oi Lês fierder ... |
|
Beach Hotel de Vigilante klaar voor de zomer
Woansdei 30 Juny 2010 | Makkum- Met de warme dagen in het vooruitzicht, is Beach Hotel de Vigilante in Makkum helemaal klaar voor de zomer. Zeker nu het gerenoveerde hotel ee Lês fierder ... |
|
Fryslân versnelt aanleg glasvezel zakelijke klanten
Tiisdei 15 Juny 2010 | Leeuwarden- In de afgelopen drie jaar is het aantal zakelijke glasvezelaansluitingen in de provincie Fryslân met 639 aansluitingen toegenomen. Dat bli Lês fierder ... |
|
Untdek it geheim fan in sûne nachtrêst yn Winsum
Freed 04 Juny 2010 | Winsum- “Elke klant hat op it mêd fan sliepkomfort syn eigen winsken en ferlangens. Wy soargje derfoar dat dêr ynfulling oan jûn wurdt, fan de earste Lês fierder ... |
|
Spectaculaire show hulpdiensten bij uitreiking keurmerk
Tongersdei 27 Maaie 2010 | Wommels- Op 3 juni om 19:30 wordt de ‘eerste ster’ van het Keurmerk Veilig Ondernemen (KVO) in ontvangst genomen. Dit certificaat geeft aan dat ondern Lês fierder ... |
112

|
Wommelser mei motor ûnderút by Menaam
Sneon 31 July 2010 | Menaam- Op de Slappeterpsterdyk by Menaam is freedtejûn in motorrider út Wommels ferwûne rekke. Nei alle gedachten is de Wommelser nei in skrikreaksje Lês fierder ... |
|
Fertochten mishanneling Goutum bekend
Tongersdei 29 July 2010 | Goutum- De plysje wit de nammen fan de fertochten dy't op 25 juny by de MacDonalds yn Goutum in 18-jierrige út Jelsum jonge mishannele ha. Ferline wik Lês fierder ... |
|
Plysje ûntdekt himpkwekerij yn Wolvegea (fideo)
Tongersdei 29 July 2010 | Wolvegea- Oan de Zeeweegbree yn Wolvegea is woansdei oan de ein fan de middei in frij grutte himpkwekerij ûntmantele. Dêrby binne trije mannen op 'e d Lês fierder ... |
|
Politie Fryslân zoekt laffe mishandelaars
Woansdei 28 July 2010 | Goutum- Drie jonge mannen hebben een man mishandeld in een restaurant. De politie heeft foto's van de daders vrijgegeven. Een 18-jarige inwoner van Je Lês fierder ... |
|
Ljouwerters ferniele auto's yn Heech
Woansdei 28 July 2010 | Heech- De plysje hat yn 'e nacht fan tiisdei op woansdei fjouwer ynwenners fan Ljouwert yn de leeftiid fan 18 oant 20 oanholden foar it fernielen fan Lês fierder ... |
kultuer

|
Videoverslag van de Meerslag om Bolsward
Sneon 31 July 2010 | Bolsward- Voor de 12e keer werd de meerslag om Bolsward gehouden. Een driedaags wandelevenement waarbij deelnemers kunnen kiezen uit 25 of 40 km per d Lês fierder ... |
|
Noord Nederlands Jeugd Orkest simmertoer yn Makkum
Freed 30 July 2010 | Fideo stiet online! Letter mear ynfo. Lês fierder ... |
|
Rekordoantal ballonnen yn De Jouwer de loft yn (fideo)
Tongersdei 29 July 2010 | De Jouwer- In rekordoantal fan 126 ballonnen is woansdei yn De Jouwer de loft yn gien. Hjirmei hat it Jouster Ballonfestijn it Nederlânsk rekord op ha Lês fierder ... |
|
Sjouwtocht door Noard-Fryslân Bûtendyks
Tongersdei 29 July 2010 | Nieuwebildtzijl- Eindeloos sjouwen langs kwelders, drinkdobben en kwelderwerken. Op zondag 29 augustus kunnen belangstellenden onder leiding van een g Lês fierder ... |
|
Dancefeest op partyboot met oa DJ-Jean tijdens Sneekweek
Woansdei 28 July 2010 | Sneek- Na het bijzondere succes van Dance Journey vorig jaar hebben organisatoren Bert Zonderland en Diederik van Herk ( Sonar6) wederom besloten m Lês fierder ... |
sport

|
Wedstriidferslach 6e Jong-Feinte keatspartij
Sneon 31 July 2010 | Easterein- Op de sechsde edysje fan de Jong-Feinte krigen de trije Jong-Feinten fan Tsjummearum de krânsen omhongen fan de trije Jong-Fammen fan Ie. D Lês fierder ... |
|
Tsjummearum wint 6e Jong-Feintepartij yn Easterein
Woansdei 28 July 2010 | Moarn mear foto's mei wiidweidich ferslach! Lês fierder ... |
|
Kommende woansdei 6e Jong-Feintepartij yn Easterein
Tiisdei 27 July 2010 | Easterein- Moarn giet it om 11.00 oere de 6e edysje fan Jong-Feintepartij yn Easterein wer los. K.F. Easterein wol mei dizze keatspartij in brêge Lês fierder ... |
|
Skûtsjesilen weer van start
Freed 23 July 2010 | Grou- Elk jaar houden de skûtsjes Friesland in hun ban. Iedereen die ook maar iets voor het zeilen voelt, volgt de strijdt tussen de oude vrachtschepe Lês fierder ... |
|
32ste Okkemapartij mei 30 partoeren tige slagge
Moandei 19 July 2010 | Easterein- Ofrûne sneon wie de 32ste Okkema Partij op sportpark de Skoalleseize yn Easterein. Der wiene 30 partoer ferdielt oer in A-B-C kla Lês fierder ... |
algemien

|
Vlootschouw Sneek duurzaam verlicht met LED-verlichting
Tiisdei 27 July 2010 | Sneek- De Vlootschouw Sneek zal dit jaar duurzaam verlicht worden. De vlootschouwcommissie, die verantwoordelijk is voor de organisatie van dit evenem Lês fierder ... |
|
Beurtschip Tjerk Hiddes is Boot van het Jaar 2010
Tiisdei 27 July 2010 | Sneek- Sneek Promotion benoemt het 100-jarig motorbeurtschip Tjerk Hiddes uit Gorredijk tot Boot van het Jaar 2010. Het nostalgische beurtschip zal on Lês fierder ... |
|
Bezoekerscentrum Nationaal Park De Alde Feanen pakt uit
Freed 23 July 2010 | Earnewâld- De afgelopen periode is in het bezoekerscentrum van het Nationaal Park de Alde Feanen te Earnewâld hard gewerkt aan een uitbreiding van de Lês fierder ... |
|
Zeldzame ocelot geboren in Aqua Zoo
Moandei 19 July 2010 | Leeuwarden- Afgelopen weekend heeft in Aqua Zoo Friesland een bijzondere geboorte plaats gevonden. Er is een ocelot, een katachtige, geboren. Afgelope Lês fierder ... |
|
Pjutteboartersplak De Poaskepôle Easterein sertifisearre
Woansdei 14 July 2010 | Easterein- Foarige wike woansdei is mei it offisjele oerlangjen fan it sertifikaat dat yn april 2010 behelle is, pjutteboartersplak De Poask Lês fierder ... |
oerheid

|
Provincie verlengt subsidieregeling voor elektrisch varen
Tiisdei 27 July 2010 | Leeuwarden- De provincie Fryslân verlengt de subsidieregeling voor elektrisch varen. De subsidie is voor het installeren van een elektrische motor in Lês fierder ... |
|
Waterstudenten duiken in stadswater
Moandei 19 July 2010 | Leeuwarden- Studenten van de Noordelijke Hogeschool Leeuwarden en van Hall Larenstein gaan leren hoe je invloed kunt uitoefenen op de kwaliteit van he Lês fierder ... |
|
Zuidwesthoek scoort goed in tevredenheidsonderzoek
Tongersdei 15 July 2010 | Regio- De Wmo-ondersteuning in de Friese zuidwesthoek is goed. Dit blijkt uit de resultaten van het Wmo-tevredenheidsonderzoek 2009. Aan dit onderzoek Lês fierder ... |
|
Wetterskip Fryslân betrapt illegale olielozer
Tongersdei 15 July 2010 | Leeuwarden- Op dinsdagavond heeft Wetterskip Fryslân een grote olievlek geconstateerd op de Westersingel in Leeuwarden. Na onderzoek bleek dat een sch Lês fierder ... |
|
Second opinion JSF-geluid van start
Sneon 10 July 2010 | Leeuwarden- Het Rijksinstituut voor Volksgezondheid en Milieu (RIVM) start met de second opinion over het geluid van de Joint Strike Fighter (JSF). In Lês fierder ... |







































