adverteerje op stjoerder.nl? klik hjir
tip de redaksje RSS Ynskriuwe

Frysk dammer Taeke Kooistra bliuwt oan winnende hân

Wommels, Moandei 15 Febrewaris 2010, 19:47 oere
Hartwert – Taeke Kooistra liket dit jier by de persoanlike kampioenskippen Frysk damjen in klasse apart. Yn 'e fjirde en fyfde omloop, sneon ferspile yn It Terphûs te Hartwert, helle er ek wer de folle skoare binnen. Tsjin good old Augustinus van der Goot barde dat wol hiel moai.

Kooistra hie yn it middenspul yn 'e rekken dat syn tsjinstanner in damset úthelje woe, naam op 'e tiid syn maatregels, en sloech even letter ferwoastend werom mei in wat ferhoalen kombinaasje dy't him wol in hout winst opsmiet. Van der Goot joech him fuortdaliks de hân, en wie sa't it liket sa fan it sjapiter dat er syn twadde partij, tsjin Marten Walinga, ek ferskiet.

Fan Kooistra syn trije efterfolgers die Tsjerk Wijbinga it it bêste. Hy fersloech meikonkurrint Jelle Wiersma, en spile dêrnei kamp tsjin Folkert Groenveld. Groenveld wie der miskien ek wol wat ôf omdat út in analyze bliken dien hie dat er yn 'e tredde omloop efterôf winne kind hie fan Taeke Kooistra.

Tsjin Stoffel Bouma kaam er ek al net fierder as remize. Marten Walinga hie it ôfrûne sneon op 'e heupen. Troch oerwinnings op Augustinus van der Goot en de noch puntleaze Sjoerd Jan Bakker sleat er oan by it ploechje efterfolgers fan Taeke Kooistra. En dochs moat it al hiel raar rinne as Kooistra kommende sneon foar de safolste kear de kampioenskrânse net om 'e nekke krije sil.

It sjocht der no ek wol nei út dat Hein de Vries wer werom komt yn 'e kampioensklasse. De Drachtster kaam yn 'e twadde groep tsjin Kees Tijssen al frij gau in hout foar, en makke dêrnei tsjin Klaas Wiersma gjin flaters. De Vries wurdt mooglik beselskippe troch Cor Kooistra, dy't tsjin deselde tsjinstanners itselde keunststikje úthelle. Yn 'e tredde acht dogge de Walinga's fan Aldegea it knap. De direkte bruorrestriid einige yn remize, en dêrmei bleauwen beiden oan kop. De stân yn dizze klasse is oars ûnoersichtlik troch útfal fan spilers en ôflastings. Op papier hat sadwaande Aldegeaster Willem Hoekstra noch de bêste kansen op promoasje.

Utslaggen

Kampioensklasse, fjirde omloop:
Augustinus van der Goot – Taeke Kooistra 0-1; Sjoerd Jan Bakker – Marten Walinga 0-1; Tjerk Wijbinga – Jelle Wiersma 1-0; Stoffel Bouma – Folkert Groenveld 0,5-0,5.
Fiifde omloop: Taeke Kooistra – Sjoerd-Jan Bakker 1-0; Marten Walinga - Augustinus van der Goot 1-0; Jelle Wiersma – Stoffel Bouma 1-0; Folkert Groenveld – Tjerk Wijbinga 0,5-0,5.
Stân: Taeke Kooistra 5-5; Tjerk Wijbinga 5-3,5; Folkert Groenveld 5-3; Jelle Wiersma 5-3; Marten Walinga 5-3; Stoffel Bouma 5-1,5; Augustinus van der Goot 5-1; Sjoerd Jan Bakker 5-0.

Twadde acht, fjirde omloop: Klaas Wiersma – Cor Kooistra 0-1; Kees Tijssen - Hein de Vries 0-1; Sjoerd Couperus – Germ Terpstra 0-1.
Fiifde omloop: Cor Kooistra – Kees Tijssen 1-0; Hein de Vries - Klaas Wiersma 1-0; Germ Terpstra - Fedde Wiersma 0,5-0,5.
Stân: Hein de Vries 5-4; Cor Kooistra 4-3; Germ Terpstra 5-2,5; Sjoerd Couperus 4-2; Fedde Wiersma 4-2; Kees Tijssen 4-1; Klaas Wiersma 4-0.

Tredde acht, fjirde omloop: Rein Jan Walinga – Gerrit Schilstra 0-1; Dicky van der Meer – Willem Hoekstra 0-1.
Fiifde omloop: Siebe Walinga – Rein Jan Walinga 0,5-0,5; Harry Postma – Dicky van der Meer 0-1.
Stân: Rein Jan Walinga 4-2,5; Siebe Walinga 4-2,5; Willem Hoekstra 2-2; Gerrit Schilstra 4-2; Ype Boelens 2-1; Harry Postma 3-0.


Gerelateerde artikelen
Frysk dammer Taeke Kooistra no allinnich oan kop
Frysk dammer Taeke Kooistra begjint goed


In bydrage fan:
Jaring Rispens


Ha jo kopij, parseberjochten, tips, natuerfoto's, nijsfoto's, fideo's of aginda ûnderwerpen foar Stjoerder.nl? Stjoer dan in mail nei .

sport

Wedstriidferslach 6e Jong-Feinte keatspartij
Sneon 31 July 2010  | Easterein- Op de sechsde edysje fan de Jong-Feinte krigen de trije Jong-Feinten fan Tsjummearum de krânsen omhongen fan de trije Jong-Fammen fan Ie. D
Lês fierder ...
Tsjummearum wint 6e Jong-Feintepartij yn Easterein
Woansdei 28 July 2010  | Moarn mear foto's mei wiidweidich ferslach!
Lês fierder ...
Kommende woansdei 6e Jong-Feintepartij yn Easterein
Tiisdei 27 July 2010  | Easterein- Moarn giet it om 11.00 oere de 6e edysje fan Jong-Feintepartij yn Easterein wer los. K.F. Easterein wol mei dizze keatspartij in brêge
Lês fierder ...
Skûtsjesilen weer van start
Freed 23 July 2010  | Grou- Elk jaar houden de skûtsjes Friesland in hun ban. Iedereen die ook maar iets voor het zeilen voelt, volgt de strijdt tussen de oude vrachtschepe
Lês fierder ...
32ste Okkemapartij mei 30 partoeren tige slagge
Moandei 19 July 2010  | Easterein- Ofrûne sneon wie de 32ste Okkema Partij op sportpark de Skoalleseize yn Easterein. Der wiene 30 partoer ferdielt oer in A-B-C kla
Lês fierder ...

112

Wommelser mei motor ûnderút by Menaam
Sneon 31 July 2010  | Menaam- Op de Slappeterpsterdyk by Menaam is freedtejûn in motorrider út Wommels ferwûne rekke. Nei alle gedachten is de Wommelser nei in skrikreaksje
Lês fierder ...
Fertochten mishanneling Goutum bekend
Tongersdei 29 July 2010  | Goutum- De plysje wit de nammen fan de fertochten dy't op 25 juny by de MacDonalds yn Goutum in 18-jierrige út Jelsum jonge mishannele ha. Ferline wik
Lês fierder ...
Plysje ûntdekt himpkwekerij yn Wolvegea (fideo)
Tongersdei 29 July 2010  | Wolvegea- Oan de Zeeweegbree yn Wolvegea is woansdei oan de ein fan de middei in frij grutte himpkwekerij ûntmantele. Dêrby binne trije mannen op 'e d
Lês fierder ...
Politie Fryslân zoekt laffe mishandelaars
Woansdei 28 July 2010  | Goutum- Drie jonge mannen hebben een man mishandeld in een restaurant. De politie heeft foto's van de daders vrijgegeven. Een 18-jarige inwoner van Je
Lês fierder ...
Ljouwerters ferniele auto's yn Heech
Woansdei 28 July 2010  | Heech- De plysje hat yn 'e nacht fan tiisdei op woansdei fjouwer ynwenners fan Ljouwert yn de leeftiid fan 18 oant 20 oanholden foar it fernielen fan
Lês fierder ...

kultuer

Videoverslag van de Meerslag om Bolsward
Sneon 31 July 2010  | Bolsward- Voor de 12e keer werd de meerslag om Bolsward gehouden. Een driedaags wandelevenement waarbij deelnemers kunnen kiezen uit 25 of 40 km per d
Lês fierder ...
Noord Nederlands Jeugd Orkest simmertoer yn Makkum
Freed 30 July 2010  | Fideo stiet online! Letter mear ynfo.
Lês fierder ...
Rekordoantal ballonnen yn De Jouwer de loft yn (fideo)
Tongersdei 29 July 2010  | De Jouwer- In rekordoantal fan 126 ballonnen is woansdei yn De Jouwer de loft yn gien. Hjirmei hat it Jouster Ballonfestijn it Nederlânsk rekord op ha
Lês fierder ...
Sjouwtocht door Noard-Fryslân Bûtendyks
Tongersdei 29 July 2010  | Nieuwebildtzijl- Eindeloos sjouwen langs kwelders, drinkdobben en kwelderwerken. Op zondag 29 augustus kunnen belangstellenden onder leiding van een g
Lês fierder ...
Dancefeest op partyboot met oa DJ-Jean tijdens Sneekweek
Woansdei 28 July 2010  | Sneek- Na het bijzondere succes van Dance Journey vorig jaar hebben organisatoren Bert Zonderland en Diederik van Herk ( Sonar6) wederom besloten m
Lês fierder ...

algemien

Vlootschouw Sneek duurzaam verlicht met LED-verlichting
Tiisdei 27 July 2010  | Sneek- De Vlootschouw Sneek zal dit jaar duurzaam verlicht worden. De vlootschouwcommissie, die verantwoordelijk is voor de organisatie van dit evenem
Lês fierder ...
Beurtschip Tjerk Hiddes is Boot van het Jaar 2010
Tiisdei 27 July 2010  | Sneek- Sneek Promotion benoemt het 100-jarig motorbeurtschip Tjerk Hiddes uit Gorredijk tot Boot van het Jaar 2010. Het nostalgische beurtschip zal on
Lês fierder ...
Bezoekerscentrum Nationaal Park De Alde Feanen pakt uit
Freed 23 July 2010  | Earnewâld- De afgelopen periode is in het bezoekerscentrum van het Nationaal Park de Alde Feanen te Earnewâld hard gewerkt aan een uitbreiding van de
Lês fierder ...
Zeldzame ocelot geboren in Aqua Zoo
Moandei 19 July 2010  | Leeuwarden- Afgelopen weekend heeft in Aqua Zoo Friesland een bijzondere geboorte plaats gevonden. Er is een ocelot, een katachtige, geboren. Afgelope
Lês fierder ...
Pjutteboartersplak De Poaskepôle Easterein sertifisearre
Woansdei 14 July 2010  | Easterein- Foarige wike woansdei is mei it offisjele oerlangjen fan it sertifikaat dat yn april 2010 behelle is, pjutteboartersplak De Poask
Lês fierder ...

oerheid

Provincie verlengt subsidieregeling voor elektrisch varen
Tiisdei 27 July 2010  | Leeuwarden- De provincie Fryslân verlengt de subsidieregeling voor elektrisch varen. De subsidie is voor het installeren van een elektrische motor in
Lês fierder ...
Waterstudenten duiken in stadswater
Moandei 19 July 2010  | Leeuwarden- Studenten van de Noordelijke Hogeschool Leeuwarden en van Hall Larenstein gaan leren hoe je invloed kunt uitoefenen op de kwaliteit van he
Lês fierder ...
Zuidwesthoek scoort goed in tevredenheidsonderzoek
Tongersdei 15 July 2010  | Regio- De Wmo-ondersteuning in de Friese zuidwesthoek is goed. Dit blijkt uit de resultaten van het Wmo-tevredenheidsonderzoek 2009. Aan dit onderzoek
Lês fierder ...
Wetterskip Fryslân betrapt illegale olielozer
Tongersdei 15 July 2010  | Leeuwarden- Op dinsdagavond heeft Wetterskip Fryslân een grote olievlek geconstateerd op de Westersingel in Leeuwarden. Na onderzoek bleek dat een sch
Lês fierder ...
Second opinion JSF-geluid van start
Sneon 10 July 2010  | Leeuwarden- Het Rijksinstituut voor Volksgezondheid en Milieu (RIVM) start met de second opinion over het geluid van de Joint Strike Fighter (JSF). In
Lês fierder ...

saaklik

Walrus Snits hat bêste terras fan Fryslân (fideo)
Tongersdei 15 July 2010  | Snits- It terras van De Walrus yn Snits is twadde einige yn de lânlike terras Top 100 fan ik fakblêd Misset Horeca. Restaurant Boshuys Hermitage út Oi
Lês fierder ...
Beach Hotel de Vigilante klaar voor de zomer
Woansdei 30 Juny 2010  | Makkum- Met de warme dagen in het vooruitzicht, is Beach Hotel de Vigilante in Makkum helemaal klaar voor de zomer. Zeker nu het gerenoveerde hotel ee
Lês fierder ...
Fryslân versnelt aanleg glasvezel zakelijke klanten
Tiisdei 15 Juny 2010  | Leeuwarden- In de afgelopen drie jaar is het aantal zakelijke glasvezelaansluitingen in de provincie Fryslân met 639 aansluitingen toegenomen. Dat bli
Lês fierder ...
Untdek it geheim fan in sûne nachtrêst yn Winsum
Freed 04 Juny 2010  | Winsum- “Elke klant hat op it mêd fan sliepkomfort syn eigen winsken en ferlangens. Wy soargje derfoar dat dêr ynfulling oan jûn wurdt, fan de earste
Lês fierder ...
Spectaculaire show hulpdiensten bij uitreiking keurmerk
Tongersdei 27 Maaie 2010  | Wommels- Op 3 juni om 19:30 wordt de ‘eerste ster’ van het Keurmerk Veilig Ondernemen (KVO) in ontvangst genomen. Dit certificaat geeft aan dat ondern
Lês fierder ...