Oer Stjoerder.nl
Stjoerder.nl is in Frysktalige multymedia webside foar súdwest Fryslân. Stjoerder.nl is aktueel, betrouber en wurdt yllustrearre mei in protte eigen fideo en fotoreportaazjes. It nijs is ferdield yn de kategoryen algemien, 112, sport, oerheid, kultuer en saaklik. Ek is der wykliks romte foar kollums en ferslaggen fan Friezen om utens lykas de aventoeren fan de lifters út Wommels en Friezen dy yn it bûtenlân ferbliuwe. De webside rjochtet har op de ynwenners en bedriuwen fan súdwest Fryslân.De webside wurdt dageliks fernijd troch de redaksje en sil mei aktuele ûnderwerpen ekstra besikers lûke. Dit wurdt realisearre troch fanôf lokaasje foto’s, fideo’s en artikels te uploaden nei Stjoerder.nl. Ek kinne de besikers de lêste aktiviteiten fia Twitter folgje en stean de lêste Twitter berjochten (mei foto’s) fuortendaliks op Stjoerder.nl. Stjoerder.nl docht op dizze manier rjochtstreeks ferslach.
Stjoerder.nl is ûnstien troch it grutte sukses fan de webside www.jaring-fotografie.nl fan fotograaf Jaring Rispens. De webside is fanôf 2003 útgroeid ta in grutte nijswebside mei sa’n 10.000 besikers per moanne. Yn’e rin fan’e tiid wienen de doelstellingen fan in nijswebside en bedriuwsaktiviteiten te ferskillend en is besletten om jaring-fotografie.nl te splitsen. De fotografy aktiviteiten binne útwreide mei fideo en grafyske wurksumheden en ûnderbrocht by JRF Producties en de nijs aktiviteiten binne nei Stjoerder.nl gongen.
Stjoerder.nl is mei stipe fan de provinsje Fryslân ta stân kommen.








.jpg?website=implementatie&width=82&height=63&func=min&image=4787099ac39c.jpg)






