Hynight 2012
Advertearje op Stjoerder.nl? klik hjir
tip de redaksje RSS Ynskriuwe

Ynterfryske Dikekaart

Ljouwert, Woansdei 28 Septimber 2011, 13:51 oere
De Ynterfryske Gearwurkingskommisje (YGK) fan de Ried fan de Fryske Beweging hat in nije Ynterfryske Dikekaart makke. Alle Fryske lannen fan Alkmaar oant Denemark binne as ien regio ôfbylde.

It is de earste Ynterfryske kaart dy’t de toponimen yn it Westerlauwersk Frysk hat. Allinnich yn Noard-Fryslân en it Sealterlân binne respektivelik de Noard-Fryske en it Sealterfryske toponimen brűkt. Dat betsjut dat de regio West-Fryslân om Hoarne hinne, de stęd Grins mei de Ommelannen, en it grutste part fan East-Fryslân de toponimen allegear yn it Westerlauwersk Frysk hawwe.

In kommisje fan saakkundigen hat gear west om de plaknammen sa goed mooglik yn it hjoeddeiske Westerlauwersk Frysk fęst te stellen. De measte plaknammen krigen dęrmei har âlde betsjutting werom, węrfan de woartels gauris yn it Aldfrysk leinen. De âlde betsjutting fan de plaknammen is yn de hjoeddeiske Nederlânske en Dútske oersetting faak alhiel weiwurden.

Ynterfryske kartografy is fan alle tiden. Yn de 16e oant en mei de 19e ieu ferskynden ek al kaarten fan Fryslân tusken Fly (hjoeddeiske Iselmar) en de rivier de Wezer. Yn 2010 ferskynde de lęste Ynterfryske posterkaart. De Ynterfryske dikekaart is yn detail útwurke en lit sjen dat de ferbűnens tusken de ferskillende Fryske lannen nei ieuwen űnder ferskillende nasjonale steaten noch hieltyd stân hâldt yn de plaknammen.

De earste printinge fan de Ynterfryske Dikekaart hat in oplage fan 1000 kaarten. By de Warnsbetinking wie der in earste mooglikheid om de nije kaart te besetten.

De RfdFB hopet dat de nije kaart bysűnder omtinken krijt. It is de earste moderne kaart mei alle plaknammen yn it Frysk en dy’t ek noch yn detail útwurke is. De Ried fan de Fryske Beweging hopet hjirmei in bydrage leverje te kinnen oan de Ynterfryske gearwurking.


In bydrage fan: Jaring Rispens Diel dit artikel:

scheiding470px




kultuer

112

sport

algemien

oerheid

saaklik

FYS Projekt