Hynight 2012
Advertearje op Stjoerder.nl? klik hjir
tip de redaksje RSS Ynskriuwe

Ynskriuwing hurddravers Slachtemarathon

Ljouwert, Tiisdei 29 Novimber 2011, 12:45 oere
Fan tongersdei 1 desimber ôf kinne hurddravers harren ynskriuwe foar dielname oan de Slachtemarathon op sneon 16 juny 2012. Ynskriuwing ferrint fia www.slachtemarathon.nl. It hurddraafpart fan de Slachtemarathon wurdt organisearre yn gearwurking mei atletykferiening AV Horror út Snits. De organisaasje ferwachtet animo fan sa’n 1500 dravers. Dêrmei is de Slachtemarathon de tredde marathon fan Nederlân.

Kuierders kinne harren fan 16 jannewaris ôf ynskriuwe. De Slachtemarathon op 16 juny 2012 start yn Raerd, de finish leit by Easterbierrum. Mei de ambysje de kulturele etalaazje fan Fryslân te wêzen leit de klam mear as ea op keunst en kultuer ûnderweis.

In bydrage fan: Jaring Rispens Diel dit artikel:

scheiding470px




sport

112

kultuer

algemien

oerheid

saaklik

FYS Projekt