Hynight 2012
Advertearje op Stjoerder.nl? klik hjir
tip de redaksje RSS Ynskriuwe

Yndoar-toulûken yn Koudum (fideo)

Koudum, Tiisdei 01 Maart 2011, 13:14 oere
Koudum stie ôfrûne sneon yn it teken fan in ynternasjonale yndoar toulûkwedstryd, dy't organisearre waard troch de Toulûkferiening It Heidenskip. It is in jubileumwedstryd, want de feriening bestiet 25 jier. Der diene tritich teams oan mei wêrûnder ien út Ingelân, ien út Baskelân en seis út Fryslân.

It wie in sterk fjild, want de Basken binne wrâldkampioen en It Heidenskip hat ek al in pear kear wrâldkampioen west. De útslach is dan ek sa: Gewichtklasse 600 kilo en 640 waard wûn troch Abadino út Spaansk Baskenlân mar yn de 680 kilo klasse waard gasthear It Heindenskip earste.

Besjoch hjirûnder de fideo-reportaazje dy’t wy makke ha foar GPTV.



In bydrage fan: Jaring Rispens Diel dit artikel:

scheiding470px




sport

112

kultuer

algemien

oerheid

saaklik

FYS Projekt