Ynbraak yn hoarekabedriuw Penjum
Wommels, Freed 20 Novimber 2009, 14:19 oerePenjum- Yn de nacht fan tongersdei op freed is der ynbrutsen yn in hoarekabedriuw oan de Grote Buren. Ut it bedriuw waard in kassalade mei in ûnbekend jildbedrach meinommen.
It is noch net dúdlik hoe de dieders it bedriuw binnen kommen binne. De plysje ûndersiket de saak. De eigener, in 55-jierrige ynwenner fan Penjum hat oanjefte dien.
| In bydrage fan: Jaring Rispens | Diel dit artikel: |
![]() |




















