Wūnseradiel ferwidert wenarke yn Makkum
Wommels, Woansdei 09 Juny 2010, 16:56 oereMakkum- De gemeente Wūnseradiel hat foarige wike tongersdei in wenarke ferwidere litten oan de Suderseewei yn Makkum. Dizze wenarke lei hjir sūnder tastimming fan de gemeente. De eigener woe de wenarke net ferwiderje wźrop de gemeente de wenarke fuort helle hat. De kosten sille ferhelle wurde op de eigener.
De wenarke lei al protte jierren oan de suderseewei. De foarige eigener waard gedoogd troch de gemeente om hjir te lizzen. Neidat de wenarke ferkocht waard hat de nije eigener gjin tastimming krigen om hjir te lizzen.
![]() |
| De wenarke |
| In bydrage fan: Jaring Rispens | Diel dit artikel: |
![]() |





















