Wommelser mei auto oer de kop by Wûns
Wommels, Tongersdei 22 April 2010, 19:44 oereWûns- Tongersdeitemiddei is by in oanriding op de Weesterwei by Wûns in auto oer de kop slein. De auto waard bestjoerd troch in frou út Wommels. Sy koe mei help fan omstanners sels út har auto komme. Sawol de frou as de oare bestjoerder út Eksmoarre kamen mei de skrik frij.
De man joech by't ôfslaan nei Skraard ta gjin foarrang oan de frou, dy't út de rjochting fan Makkum kaam. Troch de oanriding sloech de auto fan de frou oer de kop en kaam tsientallen meters fierder ta stilstân.
In alarmearre ambulânse hoegde net yn aksje te kommen. Wol waard de brânwacht fan Wytmarsum alarmearre om de dyk wer skjin te meitsjen. De plysje hat it ferkear regele. Beide auto binne meinaam troch in bergingsbedriuw.
| In bydrage fan: Jaring Rispens | Diel dit artikel: |
![]() |




















