Hynight 2012
Advertearje op Stjoerder.nl? klik hjir
tip de redaksje RSS Ynskriuwe

WK-kater te boppe? Fideoreportaazje fan Ljouwert online!

Ljouwert, Tiisdei 13 July 2010, 13:26 oere
It is inkele dagen lyn dat Nederlân op it WK yn Súd-Afrika de finale tsjin Spanje ferlern hat. Elkenien sil de grutte kater wilens te boppe wêze. Derom stiet ús fideoreportaazje fan Ljouwert no op Stjoerder.nl! Besjoch it grutte feest op it Oldehoofsterkerkhof wêr't mear as 11.000 fans it fuotbal sjoen ha.

Sjonger Ricky fan Ljouwert probearre de sfear deryn de hâlden. Spitich genôch wie der yn de rêst in grutte slaanderij fan in groepke minsken dy't de hiele jûn al ferfelend wie. De befeiligers hiene de hânnen fol oan dizze ploech. Foar de rest binne der gjin ynsidinten west en wie it oan it ein ta in grut feest.

Wy fan Stjoerder.nl ha in wiidweidich (fideo)ferslach makke. De earste tweintich minuten ha we fanôf de Aldehou skitterjende bylden filme. Klik hjir om alle foto's te sjen.

IMG_9994


In bydrage fan: Jaring Rispens Diel dit artikel:

scheiding470px




sport

112

kultuer

algemien

oerheid

saaklik

FYS Projekt