Winsum wint earste doarpenstriid
Wommels, Freed 20 Novimber 2009, 16:11 oereWommels- It team fan Winsum hat tongersdeitejūn de earste doarpenstriid fan Littenseradiel wūn. Yn in folle seal fan It Dielshūs striden 14 doarpsbelangen om de ear, mar ek om 350 euro foar it doarp.
De striid waard organisearre troch de politike partijen fan Littenseradiel. Dit om de ynwenners mear te belūken by de gemeentelike polityk, mar ek as start fan de gemeenteriedsferkiezingen yn maart folgjend jier.
Yn de finale fersloech it team fan Winsum de teams fan Itens, Rien, Lytsewierrum en Hinnaard. De fragen gienen oer de polityk mar ek oer sport en histoarje. De kāns is grut dat der folgjend jier in twadde edysje komt. De Winsumers sille it jild brūke foar in nije flier yn de Mariatsjerke yn it doarp.
Gerelateerde artikelen
Lotting foar Politike Doarpenstriid bekend
Politike partijen organisearje doarpenstriid
| In bydrage fan: Jaring Rispens | Diel dit artikel: |
![]() |










.jpg?website=implementatie&width=82&height=63&func=min&image=4787099ac39c.jpg)






