Wethâlders Snits partsje sop om oan kuierders
Wommels, Tiisdei 04 Maaie 2010, 10:08 oereSnits- De wethâlders Andries Ekhart en Jan Bargboer fan de gemeente Snits partsje op 11 maaie sop om oan de dielnimmers fan de "Friese Elfsteden Wandeltocht". Sy dogge dat by de stimpelpost fan Snits op de Tsjerkegrêft by de Tsjerkestege. De kuierders binne op dizze earste dei fan de tocht ûnderweis fan Ljouwert nei Sleat. Nei alle gedachten komt it grutste part fan de kuierders de post yn Snits foarby tusken 11.00 oere en 13.00 oere.
De "Elfsteden Wandeltocht" begjint op 11 maaie en einiget op 15 maaie. De kuierders moatte mei-inoar 203,5 km rinne, ferdield oer fiif dagen. De earste dei rinne se mei-iens de langste etappe, fan 48,5 km. De lêste dei, fan Dokkum nei Ljouwert, is 27 km. Dit jier wurdt de kuiertocht foar de 64ste kear rûn.
| In bydrage fan: Jaring Rispens | Diel dit artikel: |
![]() |




















