Advertearje op Stjoerder.nl? klik hjir
tip de redaksje RSS Ynskriuwe

Wethālder Hernamdt iepenet Keunstrūte yn Trochpaad

Wommels, Tiisdei 01 Juny 2010, 21:27 oere
Wommels- Op sneon 12 juny wurdt yn de gemeente Littenseradiel de iepen atelierrūte Keunstrūte organisearre. Troch de hiele gemeente hinne sette mar leafst 49 keunstners de doarren iepen en noegje elkenien śt om efkes yn harren atelier te sjen. Dat kin fan moarns 10.00 oere oant middeis 17.00 oere.


Hoewol’t de dielnimmende keunstners fan de Keunstrūte troch de hiele gemeente sitte, iepenet wethālder Froukje Hernamdt it evenemint om 10.00 oere moarns yn brede skoalle It Trochpaad yn Wommels. Yn It Trochpaad eksposearje dy dei meardere keunstners en dźrom is dizze lokaasje keazen foar de offisjele iepening.

Lykwols is It Trochpaad net de iennichste lokaasje yn Wommels dźr’t dielnimmers oan de Keunstrūte te finen binne. Mar litte we neist de 9 eksposanten yn Wommels ek seker de oare 39 keunstners net ferjitte yn de rest fan de gemeente Littenseradiel.

Ynformaasje oer wźr’t de Keunstrūte dielnimmers harren befine yn de gemeente en wat sy organisearje, fine jo op de spesjale pagina yn de Op ‘e Skille fan 10 juny en op www.littenseradiel.nl/keunstrute. De ateliers fan de dielnimmende keunstners binne op sneon 12 juny te werkennen oan it kleurige Keunstrūte-logo en te finen mei help fan de pylken dy’t de rjochting oanjouwe.


In bydrage fan: Jaring Rispens Diel dit artikel:

scheiding470px




kultuer

112

sport

algemien

oerheid

saaklik

FYS Projekt