Wenningen yn oanbou ynstoart
Ljouwert, Tiisdei 06 Septimber 2011, 16:12 oereTiisdeitemoarn is yn de Ljouwerter nijbouwyk Techum in twa-ûnder-ien-kap wenning yn oanbou ynstoart. Op it momint fan it ynstoarten wienen der gjin boufakkers yn de hûzen oant wurk. Sy hienen krekt dêrfoar de boupleats ferlitten.
Alarmearre brânwacht en ambulânses hoegden net yn aksje te kommen. Mooglik hat de hurde wyn in rol spile by’t ynstoarten fan de kasko wenningen.
Gerelateerde artikelen
Fjouwer nijbou wenningen Boalsert ynstoart (fideo)
| In bydrage fan: Jaring Rispens | Diel dit artikel: |
![]() |




















