Wenningbrân Grote Dijlakker Boalsert
Boalsert, Freed 27 Novimber 2009, 02:01 oereTongersdeitejűn wie der brân yn in wenning oan de Grote Dijlakker. De brân is begűn yn de sauna op de earste ferdjipping. De brânwacht fan Boalsert waard alarmearre. Der wie in protte reekűntwikkeling.
Omdat de wenning yn tichtbeboud gebiet stiet waard de brân opskaald nei middel-brân. Hjirtroch waard ek it korps fan Parregea alarmearre, mar hoegde net yn aksje te kommen. It fjoer waard fan binnenút bestrieden mar der waard ek in heechwurker ynsetten. De brân wie fluch űnder kontrôle. De sauna is troch de brânwacht út de wenning ferwidere. Troch de skea koenen de bewenners net werom nei harren hűs ta. Der rekke net ien ferwűne.
![]() |
| In bydrage fan: Jaring Rispens | Diel dit artikel: |
![]() |







.jpg?website=implementatie&width=82&height=63&func=min&image=4787099ac39c.jpg)










