Advertearje op Stjoerder.nl? klik hjir
tip de redaksje RSS Ynskriuwe

Wedstriidferslach 6e Jong-Feinte keatspartij Easterein

Easterein, Sneon 31 July 2010, 14:46 oere
Op de sechsde edysje fan de Jong-Feinte krigen de trije Jong-Feinten fan Tsjummearum de krânsen omhongen fan de trije Jong-Fammen fan Ie. Dit nije inisjatyf yn gearwurking mei Mantgum foel goed yn de smaak by publyk en de Jong-Feinten.

Troch Klaas Pompstra, KF Easterein.

De 4e woansdei fan july wie in prachtige Jong-Feintedei. Alles op ien fjild, it waar siet geweldich mei. Foar de nije foarsitter Germ Kooistra syn earste Jong-Feinte en tegearre mei syn bestjoer makke hy der mei de keatsers, publyk, bestjoer, skare frijwilligers (± 75) en skiedsrjochters in tige slagge dei fan.

Om de prachtich ynrjochte keatsarena, in loftkessen foar de bern, de partytenten foar it ‘skûljen’ as smûk sitte, it kreamke fan AB Fryslân, wer de keatsers terjochte foar in presintsje en in gesprek oer wurk en dat lêste barde ek! Neist de bestjoerswein dit kear ek in parsewein, die oan it ein fan de dei brûkt waard, doe ferslachjouwers fan De Skille en Friesch Dagblad plak namen. De fasiliteiten binne der, no kin de oare parse har wol (mear) sjen litte.

Mei in dikke 200 beteljende besikers kamen we op sa’n 400 minsken op it fjild. Oan it begjin daliks in pear kreakers fan partijen, dat om alve moasten je der ek wêze. De measte útnoege stipers en gasten wienen der. Sa kaam de bûnscoach Tjalling vd Berg op de racefyts fan Hearrenfean nei Easterein. We krigen nei ôfrin kompliminten en in pear prima tips foar ferbettering fan guon saken. Dernei genietsje fan Splendid. Dit twatal hat mei prachtige muzyk de Jong-Feinten, Jong-Fammen, Ald-Feinten en Ald-Fammen tige fermakke en in noflike neisit en -dûns besoarge.

Skiedsrjochters Durk Wierstra en Rients Braaksma wize tsjin alven de karmasters harren plak ta en yn de twa fjilden mei 3 perken gie striid om de Sulveren Leest los. Yn 2010 24 partoeren, gelyk as 2006. De oare jierren 26 partoeren. Easterein stie mei twa partoeren op de list, lykas Makkum. Wjelsryp kaam sels mei trije partoeren en dat is net sa gek, want it libbet der geweldich. In moaie list, al misten we ferskate oansprekkende en kânshawwende partoeren. De winner fan 2009, Holwert, wie der net, lykas Stiens, Minnertsgea, Hartwert, Holwert, Skettens, Eksmoarre, Damwâld, Grou, Morra, Frjentsjer, Berltsum en Lollum, allegear wol op de Jong-Nederlân.

De fiif debutanten yn 2010 wienen Bitgum, Deinum, Seisbierrum-Pietersbierrum, Wjelsryp 2 en Wjelsryp 3. Sa binne der no 45 ferskate ferienings op de Jong-Feinte west. Tsjummearum, Makkum 1, Dronryp, St Jacob, Easterein 1 en Wommels 1 dienen alle 6 kear mei. Yn 2005 en 2006 wûn Wytmarsum. Yn 2007 Makkum en yn 2008 en 2009 Holwert.

Yn 2010 wint Tsjummearum mei Arnold Zijlstra, Steven de Bruin, Hans Wassenaar, mei begelieder Wim Seepma, de Jong-Feinte. In prima prestaasje sjoen de ferienings wer se fan wûn ha. De kreaker tsjin Makkum (4-5:4-6), Easterlittens (1-5:6-6), Dronryp (5-2:6-2), Makkum 2 (5-2:6-2) en yn de finale St Anne (2-5:0-6). Alle edysjes dielnaam en de Sulveren Leest no nei Tsjummearum.
De krânsen waarden dus omhinge troch de trije Jong-Fammen fan Ie, Klaske de Jong, Sjoukje Visser en Aukje van Kuiken. Ie wûn de Jong-Fammen yn Mantgum en wienen troch Easterein útnoege. De Jong-Feinten wienen der tige mei ynnommen. Jan Hiemstra rikke de Sulveren Leest út oan begelieder Wim Seepma en naam die mei de kompliminten yn ûntfangst.

Dizze jonge feinten ha de hiele dei konsintrearre keatst. Foaral de wedstriid tsjin Makkum makke yndruk. Arnold syn opslach rûn prima. Steven fersoarge goed de twadde opslach en in toande him in betroubere foarynse. Sterk efteryn en op de boppe, Hans Wassenaar. We kinne net sizze wa de motor fan it partoer is, want elts is goed yn syn eigen funksje. De prestaasjes yn it ferline (winst op Bûnspartijen foar jonges pupillen, skoaljonges en jonges en winst op de Freule en yn 2009 op de Jong Nederlân) en de winst op de Jong-Feinte soenen no wol in garânsje wêze kinne foar sukses yn de takomst foar dit slutende partoer.

En ek twa nije priiswinners. Makkum 2 mei Rienk Veltman, Hendrik Jan van der Velde en Steven van Gorssel winne de 3e priis. Se winne fan Itens (1-5:2-6), Easterein 1 (5-5:4-6) en Harns (5-4:6-0) en ferlieze fan Tsjummearum (5-2:6-2).

St Anne wie ferline jier winner fan it NK Jonges yn Easterein en no in 2e priis op de Jong-Feinte. Sjoerd de Jong, Pieter Jan Plat en Jeroen Westra ha mei begelieder Keizer wûn fan Wynaam (5-1:6-2), Wjelsryp 1 (5-4:6-4), Boalsert (5-3:6-4) en doe, nei in steand nûmer, ferlern yn de finale fan Tsjummearum (2-5:0-6).

Nei in reinige edysje yn 2005, in smoarhjitte yn 2006, no al fjouwer jier prachtich waar op de Jong-Feintedei. De belangstelling fan it publyk bliuwt geweldich.

De 6e edysje fan de Jong-Feinte sit der op. We genietsje fan dizze moaie keatsdei, mar we sjogge al wer foarút nei de takomst. Doel fan de Jong-Feinte is om sa folle mooglik keatsers, nei de jongeskategory, oan it keatsen te hâlden en in moaie wedstriid te bieden yn de junioarenkategory. Dermei besykje we de keatsers die net sa faak fuortgean faker op de fjilden te krijen. Dat slagget reedlik, mar it kin better.

Derom sille we ûndersykje wat de mooglikheden binne om in noch in junioarenwedstriid te organisearren yn Easterein, yn in oare foarm as de Jong-Feinte, want dizze nije keatsklassiker moat unyk bliuwe. We geane der oer yn petear mei ferskate partijen. As it yn 2011 al útfiert wurde kin soe moai wêze.

1e omloop: Easterlittens - Anjum 5-5:6-4; Makkum - Tsjummearum 4-5:4-6; Goaiïngea - Dronryp 1-5:4-6; Wommels - Easterein 2 5-2:6-2; Bitgum - Easterein 1 1-5:4-6; Itens - Makkum 2 1-5:2-6; Seisbierrum - Deinum 5-1:6-0; Harns - Ternaard 5-3:6-2; St. Anne - Wynaam 5-1:6-2; Wjelsryp 2 - Wjelsryp 1 1-5:4-6; Boalsert - Weidum 5-0:6-0; Wjelsryp 3 - St. Jacob 5-2:6-6.
2e omloop: Easterlittens - Tsjummearum 1-5:6-6; Dronryp - Wommels 5-4:6-0; Easterein 1 - Makkum 2 5-5:4-6; Seisbierrum - Harns 1-5:6-6; St. Anne - Wjelsryp 1 5-4:6-4; Boalsert - St. Jacob 5-3:6-2.
3e omloop: Tsjummearum - Dronryp 5-2:6-2; Makkum 2 - Harns 5-4:6-0; St. Anne - Boalsert 5-3:6-4.
Heale finale: Tsjummearum - Makkum 2 5-2:6-2; St. Anne frij.
Finale: St. Anne - Tsjummearum 2-5:0-6.

1 Tsjummearum: Arnold Zijlstra, Steven de Bruin, Hans Wassenaar
2 St Anne: Sjoerd de Jong, Pieter Jan Plat, Jeroen Westra
3 Makkum 2: Rienk Veltman, Hendrik Jan vd Velde, Steven van Gorssel

Graach oant sjen yn Easterein op de 4e woansdei yn july yn 2011!

Wiidweidich ferslach, útslach en foto’s op www.kfeasterein.nl
Tsjummearum wint 6e Jong-Feintepartij yn Easterein
Tsjummearum wint 6e Jong-Feintepartij yn Easterein


Gerelateerde artikelen
Kommende woansdei 6e Jong-Feintepartij yn Easterein


In bydrage fan: Jaring Rispens Diel dit artikel:

scheiding470px




sport

112

kultuer

algemien

oerheid

saaklik

FYS Projekt