Vitalis en Jansma Burdaard winne Fryske Reklameprizen
Wommels, Tiisdei 13 April 2010, 11:57 oereLjouwert- De radiokommersjal fan Vitalis en de televyzjekommersjal ‘Frans’ fan Jansma Burdaard ha de Fryske Reklameprizen 2010 wûn. Kommissaris fan ‘e Keninginne John Jorritsma rikte de priis moandeitemiddei 12 april út yn it fernijde Frysk Histoarysk en Letterkundich Sintrum “Tresoar” yn Ljouwert. De Fryske Reklamepriis, dy’t foar de trettjinde kear takend waard, bestiet út in weardecheque en in replika fan it byld fan Grutte Pier.
“Wy binne hjir om reklame te meitsjen foar reklame”, sa begûn Jorritsma de priisútrikking. Hy beklamme fierder it wichtich te finen dat it brûken fan de Fryske taal yn de relame net it doel, mar it middel is om de minsken te berikken.
Minsken sa komfortabel en aktyf mooglik wenje en libje litte. Soarchferlieners in feilige en noflike wurkomjouwing biede. Dat binne de útdagings dy’t Vitalis Nederland BV oangiet.
Sjueryfoarsitter Maaike Veldhuis oer de radiospot fan Vitalis: “as it giet oer geef Frysk en dúdlikens yn it oerbringen fan in gefoel èn fan it boadskip, stekt dizze kommersjal boppe alles út.”
De Fryske Reklamepriis wurdt takend oan sawol de opdrachtjouwer as it reklameburo dat de kommersjal betocht hat, yn dit gefal Pleats 1812. De priis bestiet út in jildbedrach en de winners krije in replika fan it byld fan Grutte Pier út Kimswert.
Frans Zwaagstra, ek wol neamd 'Frans Anders', de troch Man bij hond en Omrop Fryslân bekende geitehâlder út De Westereen, spilet de haadrol yn de televyzjekommersjal fan keunststofkezineprodusint Jansma Burdaard. De sjuery: “hoewol beheind hâldber foldocht it reklameboadskip foar in grut part oan de kritearia: Frysk, in Frysk-eigen wurkwize, humor, relativearringsfermogen, doel(groep)bewust, kreatyf en werkenber.”
It konsept fan de kommersjal komt fan Accènta Mediaspecialisten út Twizelerheide.
De fiif troch in ûnôfhinklike sjuery nominearren yn de kategory televyzje wiene njonken Jansma Burdaard, mei in produkt fan keunststofkezinen, Coca Cola mei frisdrank, de Rabobank mei altyd en oeral tichtby Simmer yn Fryslân, de dokterswacht Fryslân en de Merkmakers mei LED Ik stap oer.
Foar de bêste Frysktalige radioreklame hie de sjuery fiif ynstjoerings nominearre. It giet njonken in algemiene spot fan Vitalis, om in reklameboadskip fan Jacobi mei hobbymaterialen, Makelaardij Roos, Lippe Lap mei opromming 2009 en Joop Zandberg mei fytsen foar de wyn.
De reklameboadskippen wurde troch in ûnôfhinklike faksjuery beoardiele op kommunikaasjewearde, de technyk sa as montaazje en voice-overs én de kwaliteit fan it Frysk. Humor en Frysk-taaleigen spylje in wichtige rol. De sjuery fûn it opfallend dat der faak net tocht wurdt fan de posysje fan de klant út wei, mar dy fan de opdrachtjouwer. De kommunikaasjewearde fan sa’n boadskip wurdt dêr dan gauris ûndergeskikt oan makke.
Fierders is de sjuery fan betinken dat in soad opdrachtjouwers likegoed as makkers fan kommersjals kritysker wêze moatte op it einprodukt.
| In bydrage fan: Jaring Rispens | Diel dit artikel: |
![]() |






.jpg?website=implementatie&width=82&height=63&func=min&image=4787099ac39c.jpg)










