Advertearje op Stjoerder.nl? klik hjir
tip de redaksje RSS Ynskriuwe

Utslach Rely Jorritsma Fûns-priisfraach 2010

Wommels, Moandei 21 Juny 2010, 19:31 oere
Wommels- It bestjoer fan it Rely Jorritsma Fûns makket bekend dat de sjuery, besteande út Jitske Kingma (foarsitter), Klaske Jaspers en Doete Venema, fan betinken is dat dit jier ien ferhaal foar in priis fan it Rely Jorritsma Fûns yn oanmerking komt, en ien ferhaal foar in ‘blyk fan wurdearring’. Der is dit jier net in fers dat foar in priis fan it Fûns yn oanmerking komt, mar oan twa fersen wurdt in ‘blyk fan wurdearring’ takend.


De priis en de bliken fan wurdearring fan it Rely Jorritsma Fûns binne dit jier foar:

-Sipke de Schiffart (Boalsert)
in Rely Jorritsma Fûns-priis foar it ferhaal ‘Leafde nei de dea.’

-Trevor Scarse (Grins)
in blyk fan wurdearring foar it ferhaal ‘Wêr’t earnen fleane.’

-Ate Grypstra (Bûtenpost)
in blyk fan wurdearring foar it fers ‘Hoe’t de dichter dichtsje moat.’

-Jetze de Vries (Harns)
in blyk fan wurdearring foar it fers ‘Swijplicht.’

Sipke de Schiffart hat ek yn 2006 in Rely Jorritsma Fûns-priis wûn mei in ferhaal.
De oare trije priiswinners hawwe noch net earder in Rely Jorritsma Fûns-priis wûn.

De Rely Jorritsma Fûns-priis foar in ferhaal bestiet út in jildbedrach fan € 800,-, wylst de priis foar in blyk fan wurdearring foar in ferhaal of in fers goed is foar in bedrach fan € 100,-.
It tal ynstjoerde fersen wie dit jier 19, wylst der 15 ferhalen ynkommen wiene.

Op 2 oktober o.s. wurde, middeis om twa oere, yn de tsjerke yn Bears de prizen fan de Rely Jorritsma Fûns-priisfraach útrikt.
Dizze middei – dy’t mei troch de muzyk altyd tige feestlik is – is foar elk frij tagonklik.

Utslach Junior Rely 2010
De útslach fan de Junior Rely wurdt letter bekend makke.
De jongerein fan 12 o/m 18 jier hie 117 bydragen ynstjoerd.
De sjuery foar de Junior Rely wurdt dit jier foarme troch: Auck Peanstra (foarsitter), Ate Grypstra en Jorn van der Schaar.

Oer Rely Jorritsma
Rely Jorritsma: is berne yn Jellum yn 1905. Hy hat yn Ljouwert, Hoogezand en Nijmegen op skoalle sitten. Hy koe goed tekenje en skilderje en hy koe ek aardich skriuwe. Der waarden gauris gedichten en ferhalen fan him publisearre yn ferskate Fryske tydskriften, mar der waarden noch folle mear ôfwiisd. Rely hie in soad argewaasje fan dingen yn de Fryske Beweging en dêr hearde de opset fan de priisfragen yn dy tiid ek by. Hy fûn benammen de beleanning fierstente skiterich.

Syn neilittenskip: yn syn testamint liet Rely Jorritsma fêstlizze, dat der in fûns oprjochte wurde moast om syn neilittenskip te behearen. De fruchten dêrfan soene dan tsjinje moatte as prizejild foar priisfragen dêr't koarte ferhalen en fersen yn it Frysk foar ynstjoerd wurde moasten. Doel fan de priisfragen: it befoarderjen fan de Fryske literatuer.

De Rely Jorritsma Fûns-priisfraach is yn ’e Fryske literatuer in bekend fenomeen wurden. Yn 1954 kaam de earste oprop yn ’e kranten om in oarspronklik Frysk gedicht of koart ferhaal yn te stjoeren en sûnt dy tiid wurdt der alle jierren flink ynstjoerd troch debutanten en betûfte skriuwers. Bekende priiswinners binne: Durk van der Ploeg, Tiny Mulder, Eppie Dam, Hanneke de Jong, Sjoerd Bottema en Tsjêbbe Hettinga.


In bydrage fan: Jaring Rispens Diel dit artikel:

scheiding470px




kultuer

112

sport

algemien

oerheid

saaklik

FYS Projekt