Utslach Junior Rely-priisfraach 2010 bekend
Wommels, Tongersdei 08 July 2010, 17:07 oereWommels- It bestjoer fan it Rely Jorritsma Fûns makket bekend dat de sjuery fan de Junior Rely 2010, besteande út Auck Peanstra (foarsitter), Ate Grypstra en Jorn van der Schaar, fan betinken is dat dit jier fjouwer ferhalen en twa fersen yn oanmerking komme foar in Junior Rely-priis.
De Junior Rely-prizen binne dit jier foar:
Mette Silke Alkema út Akkrum: in 1e priis fan € 125,-- foar it ferhaal: 'Ferlern'
Casper Oukes út Wommels: in 2e priis fan € 100,-- foar it ferhaal: 'Tornado'
Inger Haakma út Wytmarsum: in oanfiterpriis fan € 50,-- foar it ferhaal: 'De striid mei mysels'
Willem de Jong út Warkum: in oanfiterpriis fan € 50,-- foar it ferhaal 'Twa reade eagen'
Floor Wip út Burchwert: in 1e priis fan € 100,-- foar it fers 'Do bist...'
Froukje Gerbrandij út Wytmarsum: in 2e priis fan € 75,-- foar it fers 'Fallende stjer'
Der wiene dit jier wer in soad ynstjoerings foar de Junior Rely: 117 gedichten en ferhalen kamen ús kant op. Casper Oukes foel ferline jier ek mei in ferhaal yn de prizen by de Junior Rely. De oare priiswinners ha noch net earder in Junior Rely-priis wûn.
Op sneon 2 oktober oansteande wurde, middeis om twa oere, yn de tsjerke yn Bears de prizen fan de Junior Rely útrikt. Dy selde middeis wurde ek de prizen fan de ‘grutte’ Rely útrikt. Mei troch de muzyk, wurdt it altyd in feestlike en sfearfolle byienkomst. De middei is frij tagonklik foar elk dy’t de Rely in waarm hert tadraacht.
Gerelateerde artikelen
Utslach Rely Jorritsma Fûns-priisfraach 2010
| In bydrage fan: Jaring Rispens | Diel dit artikel: |
![]() |




















