Advertearje op Stjoerder.nl? klik hjir
tip de redaksje RSS Ynskriuwe

Utslach eineksamen: Stjoer jo foto's nei Stjoerder.nl!

Wommels, Woansdei 16 Juny 2010, 20:52 oere
Regio- Nei wiken yn spanning sitten te hawwen, is it hjoed de wierheid foar sa'n 108.000 VMBO-learlingen. Hjoed krije sy te hearren at se de flach mei skoaltas úthingje kinne, noch efkes leare moatte foar in wereksamen of dochs sakke binne.


Kinne jo kunde dy't slagge binne? Meitsje dan in foto fan de lokkige learling bygelyks mei de flagge en skoaltas as mei freonen en famylje en stjoer de moaiste foto's mei ynformaasje nei . Wy sille dan ynkoarten in spesjaal foto-album op dizze webside meitsje!

By Rudy Bouma út Boalsert koe hjoed de flach yn elk gefal út, hy is slagge foar VMBO Technyk Breed oan it Marne College yn Boalsert. Rudy is eigener fan de webside Rudynieuwsinbeeld.tk en levert mei grutte regelmaat foto's en fideo's oan de redaksje fan Stjoerder.nl.

Rudy sil nei de simmer dan ek fierder mei de oplieding Media en TV Productie oan de Friese Poort yn Drachten. Wy wolle Rudy dan ek fan herte lokwinskje mei de útslach en sukses winskje mei de nije oplieding, lykas alle oaren dy't ek slagge binne.



In bydrage fan: Jaring Rispens Diel dit artikel:

scheiding470px




algemien

112

kultuer

sport

oerheid

saaklik

FYS Projekt