Untdek it geheim fan in sûne nachtrêst yn Winsum
Winsum, Freed 04 Juny 2010, 14:45 oere“Elke klant hat op it mêd fan sliepkomfort syn eigen winsken en ferlangens. Wy soargje derfoar dat dêr ynfulling oan jûn wurdt, fan de earste besite oant ‘e mei de levering en de ynstallaasje.” Dat seit Ruurd van der Velde, tredde generaasje yn it famyljebedriuw, dat festige is yn Winsum. Persoanlik, fertroud, lytsskalich en op in sintraal plak, krekt dy aspekten dêr’t de hjoeddeiske klant om siket.
De tiid dat immen ‘samar’in bêd kocht, leit fier achter ús. Saken as liskomfort, ûndersteuning, fentilaasje en hygiëne binne wichtige betingsten dêrt in goed bêd oan foldwaan moat. By Van der Velde Slaapcomfort fynt de klant wêrt hy om siket. “De measte klanten ha foaral ferlet fan in goed advys en dat krije se by ús”, leit Van der Velde út. “Belangryk dêrby is dat wy it ús oan tiid dogge. As wy mei de klant sykje, giet de hiele winkel faak oer de kop. Wy hawwe mar ien doel en dat is dat wy de klant sliepkomfort biede dat by him past.” Ek minsken mei spesifike klachten fine it paad nei Van der Veldes Slaapcomfort. “Mei harren geane wy noch yntinsiver oan de slach en as dat needsaak is dan meie se earst proefsliepe, foardat se ta oankeap oergeane.”
Betrouwen
“In goed bêd is nammentlik in kwestje fan betrouwen”, giet er fierder. “Fersin dy net, gemiddeld leist’ dochs acht oeren deis op bêd. It is dus fan grut belang datst dan nei it sin lizze kinst. In goed matras bliuwt dêrby de basis, want dy soarget foar optimale ûndersteuning. In ferkearde kar yn dit stik fan saken kin dan ek ferfelende gefolgen ha.” Van der Velde wurket al jierren gear mei fêste leveransiers, dy’t goede matrassen foar elk budzjet oanbiede.”
Njonken de matras is it holkessen fan grut belang. Ek dêryn biedt Van der Velde in rom ferskaat oan mooglikheden. “Benammen de kombinaasje tusken matras en kessen is belangryk”, wit Van der Velde. “Dat besjogge wy dan ek yndividueel. Om koart te gean, it harkjen nei de spesifike winsken fan de klant stiet by ús foarop. Dêr nimme wy de tiid foar en as wy sjogge nei de tanimmende klandyzje stelle de minsken dat wakker op priis.”
(Advertorial)
| In bydrage fan: Jaring Rispens | Diel dit artikel: |
![]() |






.jpg?website=implementatie&width=82&height=63&func=min&image=4787099ac39c.jpg)










