Ungelok troch klapbân frachtwein
Snits, Tiisdei 15 Novimber 2011, 21:53 oereIn frachtwein dy’t mei pech op ôfrit De Hemmen op de A7 by Snits stie hat tiisdeitejûn foar in oanriding soarge. Hjirby binne de ynsittenden fan in auto, in 78-jierrige man en in 50-jierrige frou út Boalsert, ferwûne rekke. De bestjoerder seach de frachtwein te let en skampte de trailer. In oare auto, bestjoert troch in 50-jierrige ynwenner fan Wommels, koe ek net mear útwike en botste op de oare auto. Hy kaam mei de skrik frij.
Op it momint fan it ûngelok lei de sjauffeur ûnder de trailer om de klapbân te ferwikseljen. Hy is bot skrokken mar rekke net ferwûne. De Boalserters binne oerbrocht nei it sikehûs.
| In bydrage fan: Jaring Rispens | Diel dit artikel: |
![]() |




















