Tydlike ferhier leechsteande keapwenningen mooglik
Wommels, Tongersdei 26 Novimber 2009, 16:17 oereWommels- Der steane op it stuit hieltiten mear wenningen lang te keap. Fanwege de dûbele wenlesten dy’t hjir faak mei mank geane, wurdt hieltiten faker in fersyk by de gemeente Littenseradiel yntsjinne om te keap steande wenningen fan partikulieren te ferhieren. Dat bart net allinnich yn Littenseradiel, mar is yn it hiele lân in trend.
Dêrom hat de gemeente Littenseradiel it no mooglike makke om te keap steande wenningen fan partikulieren tydlik te ferhieren.
Foar de tydlike ferhier is in fergunning nedich fan de gemeente. De fergunning wurdt foar twa jier ferstrekt. De fergunning kin op fersyk fan de eigner of behearder fan de wenning ferlingd wurde mei ien jier, mar mei nea langer as fiif jier ôfjûn wurde. Yn de fergunning wurdt fermeld wat de maksimale hierpriis fan de wenning is. De gemeente hat de tastiene maksimale hierpriis fêststeld op €631,73.
De ferhier fan leechsteande keapwenningen is fierders aan bepaalde betingsten ferbûn. Sa moat de hieroerienkomst foar minimaal seis moanne oangongen wurden en jildt in opsistermyn fan minimaal trije moanne foar de ferhierder. De hierder mei in moanne fan tefoaren opsizze.
It oanfraachformulier is te downloaden fia http://wetten.overheid.nl/BWBR0018303/. Jo oanfraach kinne jo yntsjinje by de ôfdielling ‘Fergunnings en Hanthavenjen’ fan de gemeente.
| In bydrage fan: Jaring Rispens | Diel dit artikel: |
![]() |






.jpg?website=implementatie&width=82&height=63&func=min&image=4787099ac39c.jpg)










