Hynight 2012
Advertearje op Stjoerder.nl? klik hjir
tip de redaksje RSS Ynskriuwe

Twadde edysje Rūnom Easterein (fideo)

Easterein, Moandei 12 Oktober 2009, 01:53 oere
Sneintemiddei wie de twadde edysje fan Rūnom Easterein. Oan dizze fytsklassiker dienen 42 manlju en 22 froulju mei. Nei dat de dielnimmers spagetty yn kafee Bergsma iten hienen waard der yn de rein starten. De manlju moasten trije kear rūnom Easterein fytse en de froulju twa kear.

Elke rūntsje wie sa’n 13 kilometer en de rūte gie ūnder oare lāns Itens, Rien en Reahūs. Yn Easterein wie der elk rūntsje in tuskensprint en dernei moasten de fytsers troch kafee Bergsma hinne fytse om oan it folgjende rūntsje te begjinnen. Sjoerd van Beem en Tjerk Kooistra riden yn in folchauto tusken de fytsers om rjochtstreeks ferslach te dwaan. De efterbliuwers koenen sa fia in gelūd ynstallaasje by kafee Bergsma op’e hichte bliuwe fan de lźst ūntwikkelings. Sjoch hjir foar in wiidweidich fotoferslach.  

Einśtslach fan de manlju
1 Bertus Beckers 1.15.40
2. Dooitze Nauta 1.15.43
3 Peter Sybesma 1.15.44

Einśtslach fan de froulju
1 Minke Twynstra 51.25
2 Jildau van der Wey 54.48
3 Immy Auck Kersbergen 1.04.44



In bydrage fan: Jaring Rispens Diel dit artikel:

scheiding470px




sport

112

kultuer

algemien

oerheid

saaklik

FYS Projekt