Twadde edysje Beachrockers op strân by Harns (fideo)
Wommels, Moandei 03 Maaie 2010, 23:41 oereHarns- Der komt dit jier dochs in twadde edysje fan Beachrockers. It dancefeest wie ferline jier op it strân De Ulesprong by Sint Nyk. It festival luts doe sa'n 2000 minsken. Dit jier moatte de besikers nei't Waadseestrân by Harns.
De gemeente Skarsterlân woe gjin tastimming jaan foar de twadde edysje op 'e Ulesprong. Der soe net soe net genoch plysje-aginten beskikber węze.
De oarganisaasje hat no foar de lokaasje by Harns keazen. Der sil it dancefeest op 17 july plak fine. Hokker bekende dj's op Beachrockers draaie sille, is noch net bekend.
Besjoch hjirűnder de fideoreportaazje fan ferline jier, dy't makke is troch Jaring Rispens.
| In bydrage fan: Jaring Rispens | Diel dit artikel: |
![]() |






.jpg?website=implementatie&width=82&height=63&func=min&image=4787099ac39c.jpg)










