Hynight 2012
Advertearje op Stjoerder.nl? klik hjir
tip de redaksje RSS Ynskriuwe

Twa ûndersiken tagelyk yn Littenseradiel

Wommels, Tiisdei 16 Febrewaris 2010, 17:49 oere
Wommels- Yn Littenseradiel wurde de kommende tiid twa ûndersiken hâlden. Yn de moannen maart en april freget de gemeente har ynwenners nei harren ûnderfiningen op it gebiet fan feiligens. Op fersyk fan it Senioaren Platfoarm Littenseradiel wurde 65-plusser frege nei harren ûnderfiningen op it gebiet fan de eigen wenomjouwing. It kin dêrom wêze dat guon ynwenners frege wurdt om twa fragenlisten yn te follen.


Om’t beide ûndersiken yn it ramt fan ôfstudearstazjes hâlden wurde, kin de plenning net oanpast wurde. De gemeente stelt belang yn de resultaten om belied en tsjinstferliening sa goed mooglik ôf te stimmen op wat de ynwenners wichtich fine.

Leefberensûndersyk
Yn opdracht fan de gemeente en it Senioaren Platfoarm Littenseradiel fiert studint Pietrix Jorna fan de oplieding Maatskiplik Wurk en Tsjinstferliening in ûndersyk út ûnder 65-plussers yn de gemeente Littenseradiel. Tsien jier ferlyn is der in selde ûndersyk útfierd. No wurdt der opnij sjoen nei de leefberens fan de 65-plusser. Underwerpen sa as wenjen, soarch, feiligens, mobiliteit en tsjinstferliening komme oan ‘e oarder. De enkête wurdt ein maart of begjin april oan in grutte groep 65-plussers ferstjoerd. Pietrix Jorna ferwachtet ein maaie fan dit jier klear te wêzen mei it ûndersyk.

Belibjingsûndersyk
Yn de moannen febrewaris oant en mei maaie hâldt Rogier Witteveen, studint fan de oplieding Yntegrale Feiligens, him dwaande mei in belibjingsûndersyk op it gebiet fan feiligens. De enkête, dy’t yn maart nei in grut oantal húshâldens ferstjoerd wurdt, giet yn op fiif feiligensfjilden: 1) feilige wenomjouwing, 2) bedriuwichheid, 3) jeugd, 4) fysike feiligens en 5) yntegriteit. De resultaten wurde begjin juny ferwachte en litte sjen hoe feilich of ûnfeilich de bewenners fan Littenseradiel harren fiele.


In bydrage fan: Jaring Rispens Diel dit artikel:

scheiding470px




oerheid

112

kultuer

sport

algemien

saaklik

FYS Projekt