Twa lokaasjes foar kampers yn Wûnseradiel
Wytmarsum, Tongersdei 19 Augustus 2010, 20:59 oereDer op komme op twa lokaasjes yn de gemeente Wûnseradiel spesjale kamperplakken. De kamperplakken wurde noch dizze moanne realisearre. De gemeente komt hjirmei de winsk fan kampereigeners temjitte om oernachtsje te kinnen yn Wûnseradiel.
By de haven fan Makkum wurdt in lokaasje ynrjochte foar kampers en ek oan de Caspar de Roblesdijk by Surch. Beide lokaasjes stean op gemeentegrûn en hoege net bot oanpast te wurden. Der komme gjin fasiliteiten by de plakken. Kampers meie net langer as trije dagen stean bliuwe.
| In bydrage fan: Jaring Rispens | Diel dit artikel: |
![]() |






.jpg?website=implementatie&width=82&height=63&func=min&image=4787099ac39c.jpg)










