Ferwűnen by karavanbrân Wytmarsum
Wytmarsum, Freed 29 July 2011, 18:16 oereBy in útslaande karavanbrân op kamping Mounewetter yn Wytmarsum binne fjouwer kampinggasten ferwűne rekke. Sy hawwe safolle reek ynademe dat se űndersocht moasten wurde troch ambulanse personiel. De karavan is by de brân folslein útbaarnd. Ek oare karavans en tinten hawwe by de brân skea oprűn.
Op it momint fan de brân wie der net ien yn de karavan oanwesich. Ien fan de bewenners wie by de resepsje doe’t de melding fan de brân kaam. Kampinggasten hawwe probearre de brân te blussen. Hjirfan hawwe sommige tefolle reek ynademe. De brânwacht fan Wytmarsum hat it fjoer blust. De karavan kin as ferlern beskôge wurde.
| In bydrage fan: Jaring Rispens | Diel dit artikel: |
![]() |




















