Twa ferwûnen by frontale oanriding Wytmarsum
Wytmarsum, Tiisdei 29 Novimber 2011, 19:55 oereMoandeitejûn binne twa automobilisten ferwûne rekke by in frontale oanriding. In passazjier kaam mei de skrik frij. It ûngelok fûn plak op de Arumerwei by Wytmarsum.
Ien fan de automobilisten seach in dykfersmelling by it ynriden fan de beboude kom te let, wykte út en botste op in tsjinlizzer. De automobilisten binne stabilisearre troch ambulânse meiwurkers en oerbrocht nei it sikehûs.
Neffens omstanners gebeure op dit plak mear ûngelokken om deselde reden.
Gerelateerde artikelen
Motorrider ûnderút by Wytmarsum
| In bydrage fan: Jaring Rispens | Diel dit artikel: |
![]() |




















