Hynight 2012
Advertearje op Stjoerder.nl? klik hjir
tip de redaksje RSS Ynskriuwe

Trije nominearren bêste Frysktalige doarpssjoernalistyk

Wommels, Tongersdei 22 Desimber 2011, 13:42 oere
Op de Nijjiersresepsje fan de gemeente Littenseradiel sil it gemeentebestjoer in priis fan €500,- útrikke foar de bêste Frysktalige bydrage oan de 'doarpssjoernalistyk'. De nominearre doarpskranten binne Nijs. DOK út Winsum, Mandeguod út Mantgum en Diggelfjoer út
Wommels.


Om it gebrûk fan it Frysk ekstra nijsgjirrich te meitsjen foar de skriuwers fan doarpskranten en doarpswebsiden, waard der in priis fan €500,- útloofd foar de bêste Frysktalige bydrage dy’t yn 2011 yn Littenseradiel yn in doarpskrante of op in doarpswebside stien hat. Om te bepalen wa’t de priis winne moast, binne de doarpskranten dy’t by de gemeente binnenkamen yn ‘e gaten hâlden. Skriuwers fan doarpskranten en –websides koenen harren Fryske stikken ek ûnder de oandacht bringe foar dizze priis troch se op te stjoeren.

De ‘Karkommisje Frysktalige doarpssjoernalistyk Littenseradiel’ dy’t alle bydragen besjoen hat, bestiet út Geartsje de Vries út Jorwert, Renske van der Meer-Pasma út Mantgum en Beart Oosterhaven út Wjelsryp. Yn totaal waarden der 86 stikken ynstjoerd nei de kommisje, dy’t de swiere taak hie dêr de trije bêsten út te sykjen.

De trije stikken dy’t nominearre binne foar de priis binne ‘Highland [SIC!] Games: switte yn ‘e sinne’ út Nijs.DOK; ‘De winkel(s) fan Gerrit en Jeltsje’ út Mandeguod en ‘Greidhoek festival 2011 “Is dit lyts
Woodstock of lyts Lowlands?’ út Diggelfjoer Wommels.

De karkommisje woe ek twa ‘earfolle fermeldings’ buorkundich meitsje, nammentlik it stik ‘Winsumers: Bierboat’ út Nijs.DOK en ‘Wat my dwaande hâldt’ (fan Pieta Zijlstra-Abma) út Diggelfjoer út Wommels.


In bydrage fan: Jaring Rispens Diel dit artikel:

scheiding470px




kultuer

112

sport

algemien

oerheid

saaklik

FYS Projekt