Hynight 2012
Advertearje op Stjoerder.nl? klik hjir
tip de redaksje RSS Ynskriuwe

Trije dagen trekker en truckpulling yn Tsjom

Tsjom, Tongersdei 19 Augustus 2010, 21:55 oere
Stichting Big Musky organisearret kommende freed, sneon en snein foar de twadde kear it Fuel Power Event by Tsjom. Der sil striden wurde yn in S- en B-divyzje en der is in truckklasse, dit yn gearwurking mei de Nederlânske Truck- en Trekkerpulling Organisaasje. Ek is der in oldtimerdei, kermis en alle dagen live muzyk.


Freed start it evenemint mei trekker en truckpulling, sneon is der de S- en B-divyzje en op beide dagen binne der demonstraasjes fan A- en B- divyzje trekkers. Snein fanôf 12.30 set de oldtimerdei út ein.

Dit alles sil plak fine op in spesjaal ynrjochte stik lân tusken Wommels en Tsjom oan de Wommelserwei. Nij dit jier is dat der no ek in kamping is. Sjoch foar it folsleine programma op: www.bigmusky.nl.

Wy fan Stjoerder.nl binne der by en sille in wiidweidich fideo ferslach meitsje.


In bydrage fan: Jaring Rispens Diel dit artikel:

scheiding470px




algemien

112

kultuer

sport

oerheid

saaklik

FYS Projekt