Trekker skept troch frachtwein
Frjentsjer , Moandei 19 Desimber 2011, 15:47 oereMoandeitemoarn is in 67-jierrige trekkerbestjoerder út Hinnaard slim ferwûne rekke by in oanriding op de Wjelsriperdyk (N384) tusken Frjentsjer en Winsum. Ter hichte fan Lutjelollum soe de bestjoerder de provinsjaledyk opride mar seach hjirby in frachtwein fan de gemeente Súdwest, bestjoerd troch in 50-jierrige ynwenner fan Reduzum, Fryslân oer de holle.
De trekkerbestjoerder is mei slimme ferwûnings mei de alarmearre traumahelikopter oerbrocht nei it UMCG yn Grins. De N384 tusken Frjentsjer en Winsum is fanwege it ûngelok in skoft ofsletten west foar alle ferkear.
| In bydrage fan: Jaring Rispens | Diel dit artikel: |



















