Tankauto mei raapoalje kantele by Surch
Wommels, Moandei 17 Maaie 2010, 12:41 oereSurch- By in iensidich ûngelok op de A31 by Surch is moandeitemoarn in frachtwein kantele. Yn de frachtwein siet raapoalje, dat is in soarte fan koalsiedoalje. De frachwein leit neist de A31, flak foar de ôfslach nei de A7 rjochting Boalsert
De 59-jierrige sjauffeur út Veendam siet beknipe en is troch helptsjinsten út de kabine helle. De helptsjinsten krigen hjirby assistinsje fan de traumahelikopter fan Grins. De Sjauffeur is mei ûnbekende ferwûnings oerbrocht nei it sikehûs yn Ljouwert.
De raapoalje is oerpompt nei in oare tankauto. De dyk wie om tolve oere wer frij. De plysje sil it ûngelok neier ûndersykje.
Foto's: Stefan Postema fan Scannernet.nl.
| In bydrage fan: Jaring Rispens | Diel dit artikel: |
![]() |










.jpg?website=implementatie&width=82&height=63&func=min&image=4787099ac39c.jpg)






