Taeke Kooistra mei oermacht kampioen
Gaastmar, Moandei 22 Febrewaris 2010, 19:49 oereIt persoanlik kampioenskip Frysk damjen hat sân omlopen mar wie yn 'e foarlêste al beslikke. Taeke Kooistra wie dit jier fierwei de sterkste. Doe't er sneon op 'e Gaastmar nei syn fiif eardere oerwinnings ek fan Jelle Wiersma wûn, koe er de lokwinsken al yn ûntfangst nimme. De Hartwerter waard dêrmei foar de trettjinde kear kampioen, en as er dizze foarm fêsthâlde kin, sille dêr ek noch wol in pear bykomme. Dat er yn 'e lêste omloop net fierder kaam as remize tsjin Marten Walinga, docht dêr neat oan ôf.
Tsjerk Wijbinga waard twadde. Dat kaam mei ta stân trochdat er Augustinus van der Goot fersloech. Binnen tsien menuten wie dat gebeurd, in seldsumheid op dit nivo. Van der Goot wûn dêrnei noch al fan de noch puntleaze Sjoerd Jan Bakker, mar dat holp him net. Beide spilers geane dêrmei like hurd wer in klasse nei ûnderen as dat se ferline jier promovearre wiene. Stoffel Bouma en Jelle Wiersma bleauwen boppe de fatale streek, mar dêrmei sil benammen de lêste net tefreden wêze. Foldien is miskien ek net Folkert Groenveld, want efternei hat bliken dien dat er de winst yn syn partij tsjin Taeke Kooistra lizze litten hat. Mar de Jutryper damme dit jier deeglik, en dat kin ek sein wurde fan Marten Walinga, dy't yn 'e twadde helte fan it kampioenskip opmerklik werom kaam.
De kampioensklasse sil takom' jier kompletearre wurde troch Hein de Vries, dy't mei oermacht de twadde acht wûn, èn troch Kees Tijssen. De Redúster sil net tocht ha dat soks mei 3,5 punt helber wie, en wie dêrom nei in flotte oerwinning op Klaas Wiersma al nei hûs ta gien. Mar omdat de konkurrinten Sjoerd Couperus en Cor Kooistra yn 'e lêste omloop beide ferlearen, en hysels krekt in better SB-gemiddelde hie as Germ Terpstra, koe de medalje dochs noch by Tijssen thús besoarge wurde. Yn dizze klasse bleau Klaas Wiersma sûnder punten. Hy degradearret dus, lykas ek Jouke Algra, dy't troch omstannichheden dit jier net meidamje koe.
Beide mannen wurde ferfongen troch de bruorren Siebe en Rein Jan Walinga, dy't yn 'e tredde acht beide 4,5 punt hellen. De lêste waard de kampioen op grûn fan in krekt better SB-sifer. Safolle sukses is de Aldegeaster sa't it liket net wend, want by de priisútrikking tjirge er him as hie er it wrâldkampioenskip helle. Mar dêr koe inkeld Taeke Kooistra mar oanspraak op meitsje.
Persoanlik kampioenskip Frysk damjen 2010
tslaggen sechsde omloopKampioensklasse:
Jelle Wiersma – Taeke Kooistra 0-1; Marten Walinga – Folkert Groenveld 0,5-0,5; Tjerk Wijbinga – Augustinus van der Goot 1-0; Sjoerd Jan Bakker – Stoffel Bouma 0-1.
Twadde acht:
Germ Terpstra – Cor Kooistra 1-0; Sjoerd Couperus - Klaas Wiersma 1-0; Kees Tijssen – Fedde Wiersma 1-0.
Tredde acht:
Gerrit Schilstra – Harry Postma 0,5-0,5; Ype Boelens - Rein Jan Walinga 0-1.
Sande omloop
Kampioensklasse:
Taeke Kooistra – Marten Walinga 0,5-0,5; Augustinus van der Goot – Sjoerd Jan Bakker 1-0; Folkert Groenveld – Jelle Wiersma 1-0; Stoffel Bouma – Tjerk Wijbinga 0,5-0,5.
Twadde acht:
Cor Kooistra – Hein de Vries 0-1; Fedde Wiersma – Sjoerd Couperus 1-0; Klaas Wiersma – Kees Tijssen 0-1.
Tredde acht:
Gerrit Schilstra – Siebe Walinga 0-1; Ype Boelens - Dicky van der Meer 0-1.
Eindstannen
Kampioensklasse:
Taeke Kooistra 6,5; Tjerk Wijbinga 5; Folkert Groenveld 4,5; Marten Walinga 4; Jelle Wiersma 3 (SB 14); Stoffel Bouma 3 (SB 13,5); Augustinus van der Goot 2; Sjoerd Jan Bakker 0.
Twadde acht:
Hein de Vries 5,5; Kees Tijssen 3,5 (SB 16); Germ Terpstra 3,5 (SB 14); Sjoerd Couperus 3 (S 14); Fedde Wiersma 3 (SB 12); Cor Kooistra 2,5; Klaas Wiersma 0.
Tredde acht:
Rein Jan Walinga 4,5 (SB 23,5); Siebe Walinga 4,5 (SB 22,5); Dicky van der Meer 3; Gerrit Schilstra 2,5 (SB 17,5); Harry Postma 2,5 (SB 10,5); Willem Hoekstra 2 (SB 11); Ype Boelens 2 (SB 9).
Gerelateerde artikelen
Frysk dammer Taeke Kooistra bliuwt oan winnende hân
Frysk dammer Taeke Kooistra no allinnich oan kop
Frysk dammer Taeke Kooistra begjint goed
| In bydrage fan: Jaring Rispens | Diel dit artikel: |
![]() |










.jpg?website=implementatie&width=82&height=63&func=min&image=4787099ac39c.jpg)






