Hynight 2012
Advertearje op Stjoerder.nl? klik hjir
tip de redaksje RSS Ynskriuwe

Sympoasium ‘Erasmus en de Friezen, Friezen en Erasmus’

Ljouwert, Freed 18 Novimber 2011, 18:42 oere
De Fryske Akademy organisearret yn ’e mande mei it Huygens-ING en Tresoar it sympoasium ‘Erasmus en de Friezen, Friezen en Erasmus’. Dit sympoasium wurdt holden op woansdei 30 novimber fan 10.00 oant 17.00 oere yn kongres- en stúdzjesintrum It Aljemint fan de Fryske Akademy oan de Doelestrjitte te Ljouwert.

Soad gelearden
De humanist Erasmus hat yn syn brieven net allinne de molke- en turfopbringste fan Fryslân priizge, mar ek de geleardheid fan de Friezen. Yn in brief (1499) oan de út Boalsert ôfkomstige Johannes Sixtinus ferlike de Rotterdamske humanist Fryslân mei in fruchtbere mem dy’t in soad gelearden berne hat. Erasmus en de Friezen hawwe likernôch sechtich brieven útwiksele dy’t de basis foarmje foar it sympoasium ‘Erasmus en de Friezen, Friezen en Erasmus’.

Om 10.30 oere iepenet prof. dr. Theo Mulder, direkteur ynstituten fan de Koninklijke Nederlandse Akademie van Wetenschappen, it sympoasium. Dęrnei folgje der trije lęzings foar de lunsj. Prof. dr. Catrien Santing (heechlearaar Midsieuske Skiednis, Rijksuniversiteit Groningen) hâldt as earste in lęzing: Het Friese humanisme in historisch perspectief. Dęrnei giet dr. Wiebe Bergsma (histoarikus Nijste Tiid, Fryske Akademy) fierder mei: Erasmus, Cammingha en andere Friezen. Mei de lęzing Erasmus en Friezen, Brabanders en Hollanders, slút prof. dr. Jan van Herwaarden (emearitus heechlearaar kultuurskiednis, Erasmus Universiteit Rotterdam) it earste part fan de dei ôf.

Brieven
Nei de lunsj ferfolget dr. Tom Deneire (Huygens-ING) it sympoasium mei de lęzing ‘Een brief bloost niet’: stijl, genre en functie van humanistenbrieven. Dęrnei komt De vriendschap tussen Erasmus en Sixtinus in de spiegel van hun brieven oan bod by de presintaasje fan prof. dr. Jan Bloemendal (Huygens-ING en Universiteit van Amsterdam). As lęste - foar it teeskoft - komt drs. Piter van Tuinen (âld-rektor Christelijk Gymnasium Utrecht) oan it wurd oer ‘Komt leert vrijen’. Maakte Erasmus school in Friesland?

Dr. Jacob van Sluis (Tresoar) ferfettet it sympoasium mei in lęzing yn Tresoar (tichteby de Fryske Akademy) oer de âldste Frjentsjerter bibleteekkatalogus fan 1601. Dęrnei is it sympoasium dien en is der gelegenheid om de útstalling te besjen en nei te praten űnder it genot fan in drankje. De lęzingen fan it sympoasium sille űnder redaksje fan Wiebe Bergsma en Jan Bloemendal meiertiid ferskine yn in spesjaal nűmer fan It Beaken, it wittenskiplik tydskrift fan de Fryske Akademy.

De kosten foar dielname (ynklusyf kofje/tee, lunsj en buorrel) bedrage € 20,00, kontant te foldwaan oan de seal. Opjefte yn it foar is needsaaklik, dat kin by Anke van Gorkum: avgorkum@fryske-akademy.nl of tel. (058) 234 30 25.


In bydrage fan: Jaring Rispens Diel dit artikel:

scheiding470px




kultuer

112

sport

algemien

oerheid

saaklik

FYS Projekt