Advertearje op Stjoerder.nl? klik hjir
tip de redaksje RSS Ynskriuwe

Swim4daagse yn Wommels yn teken fan Unicef

Wommels, Tongersdei 19 Augustus 2010, 18:36 oere
Fan 30 augustus oant en mei 3 septimber wurdt yn swimbad De Klomp yn Wommels de swimfjouwerdaagse hālden. Neist de swimfjouwerdaagse kinne de bern en folwoeksenen ek mei dwaan oan it sponsorswimmen foar Unicef. Ek binne der elke dei oare aktiviteiten sa as: body paint, moadeshow fan fūne foarwerpen, ballonnen knoopje, en pofferkes ite.

Op freed is der in grut slotfeest mei patat en nachtswimmen. EK is der muzyk fan it koar Blinder, 10ToGo, Rapper TRV en DJ Jurre. Opjaan foar de swimfjouwerdaagse en it sponsorswimmen kin oant 30 augustus om 18.00 by it swimbad.

Sjoch foar mear ynformaasje op de webside fan it swimbad: www.zwembaddeklomp.nl


In bydrage fan: Jaring Rispens Diel dit artikel:

scheiding470px




sport

112

kultuer

algemien

oerheid

saaklik

FYS Projekt