Advertearje op Stjoerder.nl? klik hjir
tip de redaksje RSS Ynskriuwe

Stúdzjemiddei ‘Fisken en fiskje yn Fryslân’

Wommels, Woansdei 17 Maart 2010, 21:20 oere
Ljouwert- It Biologysk Wurkferbân (BWF) Fryske Akademy hâldt op freed 26 maart 2010 in stúdzjedei: ‘Fisken en fiskje yn Fryslân’. De gearkomste wurdt holden yn kongres- en stúdzjesintrum It Aljemint fan de Fryske Akademy oan de Doelestrjitte te Ljouwert, fan 13.00 oere ôf is de seal iepen. Foar de organisaasje wurket it BWF gear mei de RAVON-Wurkgroep Fiskenűndersyk Fryslân en de Fryske Feriening foar Fjildbiology (WVOF-FFF) en sport- en beropsfiskers.


Om 13.15 oere is de iepening fan de middei troch dr. Meinte Engelmoer, foarsitter fan it BWF. Dęrnei komt dr. Theo Claassen fan it Wetterskip Fryslân oan it wurd oer de wetterkwaliteit en libbensgebieten foar fisken yn Fryslân. Germ Zeephat fan de Angelsportfederaasje hat as tema fan syn lęzing: ‘Fiskjen nei fiskfersprieding’. De lęste lęzing foar it skoft giet oer histoaryske trends fan fiskfangsten en wurdt fersoarge troch Doede Visser fan it Binnenfiskers-ferbűn.

Redakteur Albert-Jan Scheper giet dęrnei yn op it ta stân kommen en it gebrűk fan De Vissenatlas van Groningen-Drente. Allix Brenninkmeijer fan Buro A&W hat it ferfolgens oer ‘Beskerme fisken yn Fryslân – foarkommen en libbenswize’. De lęste lęzing hat as tema: ‘Op nei in fiskenatlas foar Fryslân’. John Melis fan it WVOF-FFF komt dęroer oan it wurd. Om 17.00 oere hinne wurdt de middei ôfsletten mei in neipetear.


In bydrage fan: Jaring Rispens Diel dit artikel:

scheiding470px




algemien

112

kultuer

sport

oerheid

saaklik

FYS Projekt