Hynight 2012
Advertearje op Stjoerder.nl? klik hjir
tip de redaksje RSS Ynskriuwe

Stoarm: Krystmerke Easterein ferpleatst

Easterein, Tongersdei 08 Desimber 2011, 16:14 oere
Troch it minne stroamwaar is de krystmerke "Winterwille" yn Easterein freed net op de Foarbuorren en Tsjerkebuorren mar ferpleatst nei de loads fan Gebr. Vellinga op de Sibadawei 26 yn it doarp.

Eardere berjocht op Stjoerder.nl

Freed 9 desimber fynt de tredde edysje fan krystmerk Winterwille yn Easterein plak. Fan 15.00 oere oant 21.00 oere is it ien grut krystbarren op de Foarbuorren en Tsjerkebuorren yn it doarp. Alle 27 beskikbere kreamen binne beset.

Dit jier dogge der wer in soad ferienings en ûndernimmers út Easterein mei. Sa as UKster, de Fûgelwacht, Wilhelmina, Doarpsbelang, de Taartentsjoender, it pjutersboartersplak …. En noch folle mear.

Ek is de tsjerke jûns iepen. Hjir is ûnder oare muzyk fan it bernekoar út Easterein, it jeugdkorps en Balt de Vries op oargel. Derneist kin de winkel fan Bauke en Willeke besocht wurde en is pastorijtún wer sfearfol ferljochte.

Besikers dy’t kryststikjes meitsje wolle kinne kontakt opnimme mei Sabine Tamminga – Dijkstra. Dit kin fia www.geskikt.nl. De krystmerke is folslein yn winterske sfearen. Kafee-restaurant Noflik Easterein fersoarget Glühwein by in gesellich fjoerke op it parkearterrein.

Sjoch foar mear ynformaasje op dizze webside: www.winterwille.nl


In bydrage fan: Jaring Rispens Diel dit artikel:

scheiding470px




kultuer

112

sport

algemien

oerheid

saaklik

FYS Projekt