Stjoerder.nl by WK-finale op de Aldehou Ljouwert!
Ljouwert, Freed 09 July 2010, 20:29 oereFoto- en fideosjoernalist Jaring Rispens sil foar ferskate media ferslach dwaan fan de WK fuotbal finale fanôf de Aldehou yn Ljouwert. Der sil de hiele jûn in fideokamera pleatst wurde boppe op de toer, sadat it hiele plein mei oranje-supporters konstant yn byld komt.
Derneist sil Jaring Rispens mei in twadde kamera ferslach dwaan op de begeane grûn tusken de oranje-supporters. Ek fia Twitter sil de hiele jûn mei fideo's en foto's ferslach dien wurde. Yn de rin fan moandei is it fideo ferslach op Stjoerder.nl te sjen en fanôf 17.00 oere op GPTV.
Folgje Jaring Rispens fia Twitter op http://twitter.com/stjoerder.
| In bydrage fan: Jaring Rispens | Diel dit artikel: |
![]() |




















