Startsein foar bou senioaren-apparteminten Boalsert
Wommels, Sneon 24 April 2010, 13:47 oereBoalsert- Mei it boarjen fan de earste peal ōfrūne freed hat boargemaster Vroegindeweij fan Boalsert it offisjele startsein jūn foar de bou fan apparteminten-kompleks Floridusstate. It apparteminten-kompleks wurdt yn opdracht fan Plantein neist soarchsintrum Bloemkamp boud en bestiet śt 25 romme hierapparteminten foar senioaren.
Floridusstate biedt har takomstige ynwenners in plezierige wenomjouwing mei protte komfort en wengemak. Troch middel fan in gong op de earste ferdjipping is Floridusstate mei Bloemkamp ferbūn. Hjirtroch kinne de takomstige ynwenners fan Floridusstate gebrūk meitsje fan de fasiliteiten fan Bloemkamp. It projekt wurdt troch Plantein sels finansiere, sūnder stipe fan it ryk. De ferwachte oplevering is yn it earste kwartaal fan 2011.
Foto's en fideo binne makke troch Ton Visser.
| In bydrage fan: Jaring Rispens | Diel dit artikel: |
![]() |






.jpg?website=implementatie&width=82&height=63&func=min&image=4787099ac39c.jpg)










