Startnotysje Toeristyske fisy SWF
Snits, Tongersdei 13 Oktober 2011, 09:57 oereDe nije gemeente Súdwest-Fryslân is op 1 jannewaris in grutte gemeente wurden yn Nederlân mei grutte útdagings en in soad kwalifikaasjes. Om it foardiel fan dy fúzje wier te meitsjen is it fan belang om te bestjoeren mei moed, kreativiteit en tinken op in heger abstraksjenivo.
At sy it hawwe oer it nije toeristyske beleid is it dêrnjonken de keunst om ek of te dalen nei in konkreet en byldzjend tinknivo. Hoe fertelle je it ferhaal fan ússels oan in oar, meitsje wy ús omjouwing noch oangenamer en jouwe wy ynhâld oan goed gasthear wêzen? De gemeente moat sich op’e nij ferpleatse yn de fraach fan de toerist, ús gast.
Om nije kânsen oan te pakken is in fisy op it toeristyske belied fan belang, wêryn de posysje fan Súdwest-Fryslân op it mêd fan de frijetiidsekonomy helder omskreaun is. No is goed tsien persint fan de wurkgelegenheid yn Súdwest-Fryslân direkt ferbûn oan de sektor Toerisme & Rekreaasje. Fan dy tsien persint is goed 40 persint ferbûn oan de wettersport. Dat sil op syn minst it gefal bliuwe moatte, leaver noch better. Mar dan moatte wy mei syn allen wol ús best dwaan om in fijne fakânsjebestimming te bliuwen. Want dat giet net fansels.
It kommende jier sil it kolleezje fan boargemaster en wethâlders fan Súdwest-Fryslân dan ek in nije toeristyske fisy opstelle. Hjiryn stean de ambysjes beskreaun mei de fertaalslach derfan yn oansprekkende tema’s. Yn de startnotysje dy’t meikoarten hjirta oan de rie foarlein wurdt stiet it proses omskreaun om ta dy fisy te kommen en mei wa en wannear’t der oerlein wurde sil. Fansels kin dit net sûnder de ynset fan toeristyske ûndernimmers.
De nije fisy sil ein 2012 klear wêze.
| In bydrage fan: Jaring Rispens | Diel dit artikel: |
![]() |




















