Hynight 2012
Advertearje op Stjoerder.nl? klik hjir
tip de redaksje RSS Ynskriuwe

Start faksinaasje 0-4 jierrigen tsjin Meksikaanske gryp

Wommels, Tiisdei 17 Novimber 2009, 17:13 oere
Kommende wike start GGD Fryslân mei de faksinaasjes tsjin de Meksikaanske gryp foar bern fan 6 moannen oant en mei fjouwer jier. Dêrneist krije húsgenoaten fan poppen oant 6 moannen in oprop om harren faksinearje te litte. De faksinaasje foar dizze groepen is wichtich om’t by 0 oant en mei 4-jierrigen in grutter risiko betsjut op komplikaasjes troch de Meksikaanske gryp. Eltsenien dy’t foar de prik yn oanmerking komt, krijt in útnoeging foar faksinaasje.


Yn toaal sille yn de gemeenten Littenseradiel, Wûnseradiel en Boalsert sa’n 2150 persoanen in oprop krije harre faksinearje te litten tsjin ‘Nieuwe Influenza A (H1N1), better bekend as Meksikaanske gryp. De faksinaasjes foar dizze trije gemeente wurde yn sporthal De Middelzee yn Boalsert hâlden (De Blink 5, 8701 LV Bolsward).

De faksinaasje bestiet út in prik op tongersdei 26 novimber. Nei in oantal wiken, op tongersdei 17 desimber, folget in werhelling mei noch in prik. Mei de twadde prik is men it meast beskerme tsjin de Meksikaanske gryp. Foar beide prikken kin men op deselde tiid en op deselde lokaasje terjochte.

Benammen foar jonge bern is it wichtich om harren tsjin de Meksikaanske gryp te beskermen om’t sy mear kâns hawwe om de gryp te krijen. By dizze groep komme ek mear sûnensproblemen foar troch de Meksikaanske gryp. Fierder kinne jonge bern, wannear’t se yn it sikehûs beäzeme wurde moatte, bliuwende lichamelike skea oprinne.

It faksin foldocht oan strange feiligenseasken. It faksin tsjin Meksikaanske gryp is wiidweidich testen en registrearre. Dêrmei is it goedkard foar gebrûk.

It faksin is net registrearre foar gebrûk by bern oant 6 moannen. Om harren dochs sa goed mooglik te beskermjen, wurde de húsgenoaten (âlden, broer, sus) oproppen harren faksinearje te litten. Dit om foar te kommen dat sy it jonge bern besmette.

De eventuele bywurkingen fan de faksinaasje tsjin de Meksikaansje gryp kinne bestean út wat pine, readheid, tining op it plak fan de prik. Fan de prik kin men gjin gryp krije.

Mear ynformaasje
Mear ynformaasje oer de Meksikaanske gryp en de faksinaasje stiet op www.grieppandemie.nl en www.ggdfryslan.nl. Men kin ek belle mei de ynformaasjeline fan Postbus 51: 0800 – 1100 (fergees). Foar spesifyk medyske fragen moat men harren rjochtsje ta de húsdokter. By GGD Fryslân kin men terjochte foar fragen oer de oprop en it opropskema, tillefoan (058) 284 99 89.


In bydrage fan: Jaring Rispens Diel dit artikel:

scheiding470px




algemien

112

kultuer

sport

oerheid

saaklik

FYS Projekt