Advertearje op Stjoerder.nl? klik hjir
tip de redaksje RSS Ynskriuwe

Spektakulêre foto's fan kitesurfen op Iselmar

Koarnwertersân, Tongersdei 17 Juny 2010, 01:13 oere
Koarnwertersân- Woansdeitemiddei wie Stjoerder.nl fotograaf Jaring Rispens ûnderweis nei in ûngelok op de Ofslútdyk ter hichte fan Koarnwertersân. Der stie yndie in auto op de flechtstrook tsjin de fangrail, mar foel gelokkich allegearre ta. Wierskynlik wie de bestjoerder ôflieden fan de spektakulêre sprongen fan de kitesurfers op it Iselmar.

Ek Jaring Rispens wie ûnder de yndruk en hat in oantal spektakulêre maneuvers fan de kitesurfers fêst lein. Sjoch hjir foar alle foto's.

Sjogge jo ûnderweis ek wat bysûnders, en ha jo hjir foto's fan makke? Stjoerder dan de moaiste foto's nei de redaksje fan Stjoerder.nl.


In bydrage fan: Jaring Rispens Diel dit artikel:

scheiding470px




sport

112

kultuer

algemien

oerheid

saaklik

FYS Projekt