Advertearje op Stjoerder.nl? klik hjir
tip de redaksje RSS Ynskriuwe

Soad minsken nei kruiend iis op Iselmar (update)

Wommels, Snein 31 Jannewaris 2010, 18:03 oere
Gaast- Hûnderten minsken binne hjoed nei Gaast west om it kruiend iis te sjen. Op guon plakken wie it iis mear as fjouwer meter heech. Om by it kruiende iis te kommen, moasten de minsken sa'n trije kilometer oer it beferzen Iselmar rinne.


It kruiende iis wie spektakulêr om fan tichtby te sjen. Guon minsken klommen boppe op it iis. In inkeling sakke troch iis en moast mei wiete boksen werom rinne.

Besjoch hjir alle foto's. De fideo reportaazje dy't Stjoerder.nl makke hat, wie ek op GPTV te sjen. Besjoch dy fideo reportaazje hjirûnder.



Ek Ton Visser hat in fideo reportaazje makke, besjoch dy hjirûnder.


In bydrage fan: Jaring Rispens Diel dit artikel:

scheiding470px




algemien

112

kultuer

sport

oerheid

saaklik

FYS Projekt