Advertearje op Stjoerder.nl? klik hjir
tip de redaksje RSS Ynskriuwe

Soad minsken by demonstraasje helptsjinsten yn Wommels

Wommels, Freed 04 Juny 2010, 17:05 oere
Wommels- Wommels stiet dizze dagen yn it teken fan 'Kom nei Wommels'. Der binne op De Terp yn it doarp in protte aktiviteiten foar jong en âld. Tongersdeitejűn wie der in demonstraasje fan de brânwacht fan Wommels yn gearwurking mei de plysje en ambulânse.


Sa waard der in űngelok yn sęne setten węrby in persoan yn in auto beknipe siet, dy't troch de helptsjinsten út syn beneare posysje helle wurde moast. Ek koene de bern sels mei in brânspuit spuitsje en fytsen troch knipe.

Derneist wie der in demonstraasje mei ferskate 4x4 auto's. Der lei in parkoers op De Terp węr't de 4x4 auto's oer hinne koene ride. Ek belangstellenden mochten in ritsje yn ien fan de 4x4 auto's meitsje.

Op dizze aktiviteiten kamen in soad minsken op ôf. Foto's binne makke troch de Wommelser fotograaf Henk Bootsma. Sjoch hjir foar syn webside.


Gerelateerde artikelen
Boargemaster jout ôftraap foar 'Kom nei Wommels'


In bydrage fan: Jaring Rispens Diel dit artikel:

scheiding470px




algemien

112

kultuer

sport

oerheid

saaklik

FYS Projekt