Soad boetes by snelheidskontrôles
Wommels, Sneon 06 Febrewaris 2010, 16:19 oereWytmarsum/Skettens/Boalsert- De plysje hat freed tusken 08.00 en 17.00 oere snelheidskontrôles holden op trije klacht-lokaasjes. It foel de plysje op, dat op alle trije plakken fierstente te hurd riden waard.
Op de Arumerwei yn Wytmarsum binne 430 bestjoerders kontrolearre, dêrfan riden 76 te hurd. De hurdste ried 92 kilometer per oere wêr't 50 tastien is.
Op de Alde rykswei by Skettens binne 350 bestjoerders kontrolearre, dêrfan riden 73 te hurd. Twa bestjoerders riden hurder dan 120 kilometer per oere wêr't 80 tastien is.
Op de Twibaksdyk yn Boalsert binne 340 bestjoerders kontrolearre, dêrfan riden 36 te hurd. De hurdste ried 103 kilometer per oere wêr't 50 tastien is.
| In bydrage fan: Jaring Rispens | Diel dit artikel: |
![]() |






.jpg?website=implementatie&width=82&height=63&func=min&image=4787099ac39c.jpg)










