Hynight 2012
Advertearje op Stjoerder.nl? klik hjir
tip de redaksje RSS Ynskriuwe

Poging ta deaslach yn Snits

Snits, Tongersdei 12 Jannewaris 2012, 16:04 oere
In heftige rûzje tusken twa Snitsers op de Pier Heemstrastrjitte is tongersdeitemoarn folslein út de hân rûn. In 29-jierrige man hat hjirby in stien tsjin de holle fan de 38-jierrige bewenner smiten. Dêrnei is de fertochte ek ynriden op it slachtoffer en kaam tsjin de gevel fan it hús ta stilstân. Hy koe op tiid fuortspringe. De fertochte is oppakt foar poging ta deaslach.

De rûzje, dy’t troch noch ûnbekende oarsaak is ûnstien, is rûn 10.40 oer by it hús fan it slachtoffer op de Pier Heemstrastrjitte begûn. De fertochte sloech op doar en der ûntstie in heftige skellerij. Dernei hat de 29-jierrige man in stien pakt en dizze troch it rút fan de 38-jierrige bewenner smiten. De bewenner stie hjir efter en hat de stien tsjin de holle oankrigen.

It slachtoffer pakte de stien en rûn nei bûten ta. De fertochte stapte yn syn auto en ride op de 38-jierrige man yn. De auto ride de tún yn, oer in skutting en sa tsjin de gevel van it hûs oan. De bewenner stie tusken de skutting en it hús en koe krekt op tiid fuortspringe.

De 29-jierrige is hjirnei op de flecht slein. De ferwûne bewenner hat dêrnei mei in mes de bânnen fan de auto lekstutsen.

De alarmearre plysje is in syktocht nei de fertochte starten, mar efkes letter melde hy him by in plysjeburo. De fertochte is foar poging ta deaslach ynsluten. It slachtoffer klage oer in behoarlike pine holle. Ek rekke de gevel fan it hús skansearre.


In bydrage fan: Jaring Rispens Diel dit artikel:

112

kultuer

sport

algemien

oerheid

saaklik

FYS Projekt